Grutte natuerbrân yn De Peel
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Presintaasje streektalemanifest ‘Prachtig plat’ 0
- Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 3: Herman van Vliet 1
Yn it natuergebiet De Peel by Griendtsveen yn Limburch is in fûle natuerbrân, meldt de brânwacht Limburch-Noard. Dy is mei dwêstreau op it plak. Om 8.00 oere hinne stie likernôch twa hektare grûn yn ’e brân. Om 6.30 oere fan ’e moarn waard de earste melding dien fan de brân, skriuwt 1Limburg. Neffens de regionale omrop binne der oant yn ’e wide omkriten reekwolken te sjen. It is oant no ta ûndúdlik hoe’t de brân ûntstien is.
#Peelbrand #Griendtsveen is opgeschaald naar grip 2. Derde peloton natuurbrandbestrijding is opgeroepen. Brand bevindt zich in peelgebied aan de Zwarte Plakweg. Omvang is op dit moment ongeveer twee hectare.
— Brandweer Limburg-Noord (@brandweerln) August 31, 2022
Twa jier lyn bruts in pear kilometer fierderop yn de Deurnske Peel de grutste natuerbrân fan de lêste desennia yn Nederlân út. 800 hektare natuer gie yn flammen op. De saneamde Peelbrân begûn op 20 april 2020 en duorre oant 16 juny. Wikenlang bleaune der smeulende rêsten yn ’e grûn sitten en dêrtroch lôge de brân út en troch wer op. Nei de brân twa jier lyn yn de Deurnske Peel waarden ferskate ûndersiken dien. Dêrút die yn novimber bliken dat de brân hast net op natuerlike wize ûntstien wêze koe.
De ûndersikers kamen wol mei ideeën om foar te kommen dat in mooglik nije brân wer sa út de hân rint. Sa moat de brânwacht mear middels krije, moat de tagong ta it gebiet better wurde en moat it gebiet better beheard wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje