Grut ûndersyk nei Lymefaksin
Resint ferskynd
Undersikers sykje tûzenen proefpersoanen yn Europa en de Feriene Steaten om nei tweintich jier wer in nij faksin tsjin de sykte fan Lyme te hifkjen. Yn Nederlân wurde ek minsken socht dy’t in grutte kâns hawwe om de sykte op te rinnen. Lytsere proeven mei it faksin binne sûnder tûkelteammen ferrûn en hiene ûnthjittende resultaten.

Foto: pixabay.com
De sykte fan Lyme wurdt oerbrocht troch tiken dy’t in skealike baktearje by har drage. Fan de oardel miljoen minsken dy’t alle jierren yn Nederlân biten wurde, rinne neffens it RIVM 27.000 de sykte op. Sa’n 1500 fan harren hâlde klachten oan gewrichten, hert of senuwstelsel.
Yn 2002 waard al in faksin op ’e Amerikaanske merk talitten, mar dat ferdwûn, nei klachten oer bywurkingen, wer út de hannel. It faksin wie ek net goedkard foar bern. Neffens in ûntwikkelder fan it nije faksin, Pfizer, waard eartiids boppedat minder omtinken oan de sykte jûn.
Tsjintwurdich is de situaasje driuwender, mei’t der troch klimaatferoaring hieltyd mear tiken binne dy’t de sykte oerdrage kinne. Trochdat in byt fan it bistke faak oer de holle sjoen wurdt, is it wichtich risikogroepen foarôf tsjin de kwealike gefolgen te beskermjen.
Produsinten Pfizer en it Frânske Valneva hoopje yn elts gefal seistûzen proefpersoanen foar de test te finen, útsein yn Nederlân en it noardeasten fan de Feriene Steaten ek yn Poalen, Sweden, Finlân en Dútslân. Hja krije trije ynjeksjes, sûnder te witten oft it om it nije middel of in plasebo giet.
Yn Nederlân wurdt eksplisyt frege om folwoeksenen dy’t yn it ferline earder biten binne en dat ek dit jier ferwachtsje. Der falt dan te tinken oan minsken dy’t foar harren wurk of hobby faak yn ’e natoer binne, lykas kuierders, kampearders of jagers.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje