Doede Wiersma: Nachtmerjes

augustus 28, 2022 07:06

Oertinking

De dream fan Farao (Hans Holbein de Jonge)

Somtiden kinne dreamen ta nachtmerjes wurde. Ut sokke dreamen wurde minsken kjel wekker, dweiltrochwiet fan ’t swit. Sa gie it Farao. Yn ’e sliep rôp er: “Gean fuort! Smoarge ko! Skarminkel. Fuort!” Hy waard fan syn eigen geskreau wekker en syn frou ek. “Wat is der”, frege se. “Ik dreamde,” sei er. “Ik dreamde fan kij.

Sân fette kij stiene oan ’e rivier te wjerkôgjen. Doe kamen der sân meagere en dy frieten de sân grouwe op” (Karel Eijkman).

Dat op tiden fan wolfeart tiden fan krisis folgje, liket hast wetmjittich. Noch hieltyd wurde sokke wikselingen beneamd mei: sân fette en sân meagere jierren. Lieders fan folken ha ferlet fan goede adviseurs. It is moaie humor om te sjen hoe’t dy grutte Farao dat Joadejonkje út ’e finzenis nedich hat. Kostlik om him sizzen te hearren: “Ik net, mar God sil Farao’s wolwêzen (sjaloom) bekend meitsje.”
Joazef is it ideaal fan Israels opfieding. Dêrfoar wie it útgongspunt: respekt foar God is it prinsipe fan de wiisheid (Psalm 111:10). Dy wiisheid siket de sjaloom (it wolwêzen foar alles en elkenien).

Grutte mannen yn ús wrâld sille ek harren nachtmerjes ha. De presidint fan Ruslân mooglik oer de twadieling yn syn lân mei oan ’e iene kant massa’s earmen en oan ’e oare in wrede maffia. De presidint fan Amearika oer de 33% donkere en 11% blanke minsken dy’t yn syn lân ûnder de grins fan ’e earmoed libje. In nachtmerje om 37% fan alle Amerikanen dy’t gjin syktefersekering ha, of om’t der alle dagen seishûndert poppen berne wurde út memmen dy’t oan heroine ferslaafd binne: bern dy’t by de berte trije pûn wage, in fertrage groei en harsenbeskeadiging ha.
Dat der safolle honger en geweld yn ús wrâld is, dêr meie wy nachtmerjes om ha.
Ha de lieders yn ús wrâld net slim ferlet fan adviseurs as Joazef, dy’t sizze kinne: God makket jo it wolwêzen (sjaloom) bekend?

Lêze: Genesis 41:1-16

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
augustus 28, 2022 07:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.