Demonstraasje tsjin ûntnederlânsking universiteit Grins

augustus 27, 2022 06:35

Op 5 septimber organisearret de Stichting Taalverdediging yn Grins in demonstraasje tsjin de feringelsking fan de Nederlânske universiteiten.

De Nederlânske wet skriuwt foar dat de oerheid de Nederlânske taal brûkt. Der wie in Kneppelfreed en tsientallen jierren praatwurk foar nedich om foar it Frysk in plakje yn it oerheidsapparaat te befjochtsjen en noch is it foar Frysktaligen faak dreech om harren taal te brûken, bygelyks yn de rjochtbank. De iene taal is lykwols wat gelikenser as de oar. It Ingelsk kriget gauris mear romte as dat de wet tastiet.

It begûn yn de jierren njoggentich mei in útstel fan de doetiidske minister fan ûnderwiis Jo Ritzen om de universiteiten Ingelsktalich te meitsjen. Dat smiet yn binnen- en bûtenlân in protte protest op, mar nei de ynfiering fan it fanâlds Ingelske Bachelor/Master-model feroaren universiteiten de fiertaal fan de iene nei de oare stúdzje fan Nederlânsk nei Ingelsk. Of eins: fan meartalich nei Ingelsk, want de fiertaal mocht dan Nederlânsk west hawwe, de literatuer wie eartiids gauris yn ferskate talen.

Begjin fan it it jier organisearre de Stichting Taalverdediging al in demonstraasje by de universiteit fan Eindhoven, dy’t it Nederlânsk ek bûten de kolleezjes om ûntmoedigje woe. Foar in part is dat tsjin de wet, want universiteitsbestjoeren en eksamenkommisjes binne diel fan de oerheid en moatte yn prinsipe it Nederlânsk brûke.

De demonstraasje yn Grins is rjochte tsjin de iepening fan it kolleezjejier op 5 septimber. Net allinne de rektor sil dêr in Ingelsktalich praatsje hâlde, steatssekretaris Maarten van Rooijen wol de studinten ek yn it Ingelsk tasprekke.

De Stichting Taalverdediging demonstrearret op 5 septimber mei in folderaksje foar de doar fan de Martinytsjerke yn de binnenstêd, dêr’t de iepeningsseremoanje hâlden wurdt. Dat sil wêze fan trije oant fjouwer oere de middeis. Dy’t derby wêze wol, is wolkom.

Mear ynformaasje kinne jo krije by de aksjelieders Daniël Mantione en Jakob Grit, te berikken fia info@taalverdediging.nl.

augustus 27, 2022 06:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.