‘ZOOV’: in stoomkursus selsstannigens ûnder de simmersinne

july 29, 2022 08:37 Fernijd

Yn de nije tv-realitysearje Zonder ouders op vakantie (ZOOV) geane seis jongelju tusken de trettjin en fyftjin jier foar it earst sûnder âlden op fakânsje nei in ûnbekende sinnige bestimming. Dêr leare se net allinnich inoar better kennen, mar krije se ek in stoomkursus budzjettearjen, itensieden en himmeljen. De groep ferbliuwt yn in lúkse filla sûnder âlderlik tafersjoch. Mar der is wol in kameraploech dy’t alles fêstleit.

Foto: ©NTR

Yn ZOOV wurde de jongelju folge dy’t njoggen dagen mei-inoar yn in lúkse fakânsjefilla ferbliuwe. Dêr komme se foar útdagingen te stean dêr’t se normaalwei net by stil hoege te stean en ’wrakselje’ se soms mei harren tinzen en ûnwissichheden: hoe fyn ik oansluting yn de groep en stel, dat ik ûnwennich wurd, wat dan? Op fakânsje betelje de âlden meastal alles, mar wa beheart no de ponge en is der genôch foar (út) iten, parasilen en nije swimklean?

It spanningsfjild tusken in sûne ôfhinklikheid fan jins âlden en folsleine ûnôfhinklikheid is it sintrale tema yn ZOOV. Wat hoopje de jongelju fan oaren en harsels te learen? Troch aventoeren te belibjen en sels útdagingen oan te gean en te oerwinnen, leare se en komme se der faaks efter dat se al in hiele protte sels kinne, mar miskien dochs noch it ien en oar te learen hawwe…

Zonder ouders op vakantie bestiet út tsien ôfleveringen dy’t op wurkdagen dei oan dei útstjoerd wurde. It is in koproduksje fan de NTR en NewBe. De bio’s fan de kandidaten binne hjir te lêzen.

Utstjoeringen: alle dagen fan moandei 12 o/m freed 23 septimber, om 18.05 oere, op NPO Zapp. Fia NPO Start is de searje foarút te sjen: fan 12 septimber ôf steane de earste fiif ôfleveringen online en fan 19 septimber ôf binne de lêste fiif dielen te sjen.

july 29, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.