Waarpraatsje: sinne en wolken
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
Jûn en fannacht binne der opklearringen en bliuwt it drûch. De temperatuer sakket nei sa’n 14°. Der is in matige, by de kust lâns krêftige noardeastlike wyn.
Moarn is der nochal wat bewolking en op plakken soe der wolris in buike falle kinne. De noardeastlike wyn is matich oant krêftich. Miskien dat moarntejûn de sinne der noch efkes by komt.
Sneon en snein kin it stadich wat waarmer wurde, mar snein wurdt de kâns op wat reinwetter wer grutter.
Waarnimmer






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje