Spitich
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Yn ’e krante (‘misschien wel de beste’) lies ik fan ‘e moarn: ‘Veroudering omkeerbaar’.
In better boadskip kin in mins oan ’e foarjûn fan ’e 85ste jiddei dochs net krije. It stie op ’e foarside en it moast dus wol belangryk wêze. En wier!
Hast eltsenien wol graach âld wurde, hast net ien wol it wêze. Nimmen is bliid mei wat it âlderwurden meibringt. Foar my is dat net oars. En dus!
Ja, dus socht ik daliks it artikel mei de eksakte ynformaasje oer it ûnderwerp.
Dat wie my doch in ôfknapper!
De skriuwster joech yndied oan dat oan ‘veroudering’ wat te dwaan wie. Mar… – en dêr siet de teloarstelling – der moast jong mei begûn wurde. Krekt dat lêste wie ik net mear.
Ik ha besletten om nea wer te sizzen dat wy ‘misschien wel de beste’ krante lêze. Wat op de foarside stie fan ’e moarn wie nepnijs en dat past in kwaliteitskrante net.
Spitich!
Inger Wets
30 july 2022
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje