Kuiers yn de Ryptsjerksterpolder

july 30, 2022 07:04

Ynstjoerd

As pensjonado’s meie wy graach kuierje en dan benammen yn natuergebieten. Sa besleaten wy in wykmannich lyn wer ris in kuier te meitsjen troch ien fan de reservaten fan it Fryske Gea (IFG), nl. de Grutte Wielen by Ryptsjerk. Neffens de natuergids fan IFG kin fan in parkearplak oan de Westerdyk ôf in kuier makke wurde troch de Ryptsjerksterpolder, in gebiet mei in kombinaasje fan fean, sân en greide. In part dêrfan is pas tagonklik fan 15 july ôf, as it briedseizoen foarby is, mar in oar part al fan 25 juny ôf. Dat myn frou en ik dêrhinne.

De kuier begûn mei in koarte beklimming fan in heuvel dy’t jin in fraai útsjoch jout oer de wrydske polder mei rûge greide, moerassen en petgatten en mei yn ’e fierte in keppel exmoorponnys. Wy wiene de iennichste besikers, dat wy hiene it hiele útsjoch foar ússels. Oanslutend woene we ien fan de ‘brune’ kuierpaden rinne troch de polder lykas oanjûn yn ús gids fan 2020. Dat waard spitigernôch in teloarstelling: allinnich oan it begjin fan de beide rûten stie der in peal as markearpunt, dêrnei bedarren we yn in ûnsljocht, rûch gebiet fol raaien, brannettels en stikels, mar sûnder dúdlike paden of markearing, ûntagonklik foar de modale kuierder. Al gau joegen we de moed op en binne nei hûs ta tein.

Wy hawwe yn ’e rin fan ’e tiid al tal fan kuiers fan IFG rûn bgl. yn de Alde Feanen, de Dellebuorster Heide en it Easterskar, mar sa min markearre en ûnderholden as hjir hiene we it net earder meimakke. Ik haw skille mei it distriktshaad fan dit reservaat. Neffens him soene der út en troch wol markearringen wêze moatte. Mar dy binne yn it rûge gebiet allinnich sichtber as men wit wêr’t se steane, tink ik.

Wy roppe IFG op om mear te dwaan oan de ûntwikkeling fan dat prachtige gebiet, sadat mear natuerleafhawwers derfan genietsje kinne. En soargje dan ek foar út en troch in bankje om efkes te bekommen. Soks misse wy wol faker yn reservaten fan IFG.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

july 30, 2022 07:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.