Fryske Beweging ynformearret Europeeske hifkers oer soarchlike taalsituaasje

july 18, 2022 11:04

Op 29 juny hawwe de Ried fan de Fryske Beweging, it Europeesk Buro foar Lytse Talen en de Jongfryske Mienskip yn petear west mei twa kommisjes fan de Ried fan Europa. It heart by minder sichtbere aktiviteiten dêr’t de Bewegingsried no mei foar it ljocht komt, om’t se net minder wichtich binne.

It Ekspertkomitee fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden en it Advyskomitee fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden komme geregeld del om te hifjken hoe’t it derfoar stiet mei de Fryske taal en de streektalen yn Fryslân. Alle kearen dogge Fryske organisaasjes dan harren ferhaal. De beide kommisjes fan de Ried fan Europa – in gearwurkingsferbân fan omtrint alle Europeeske lannen, dat gjin ûnderdiel útmakket fan de Europeeske Uny – skriuwe in rapport mei befiningen en oanbefellingen foar it Nederlânske regear. Hoewol’t dêr yn it ferline meastentiids net fuortendaliks wat mei dien waard, bliuwt de Fryske taal sa by de Nederlânske oerheid al op de wurklist. Meidat der by it petear tolken oanwêzich wiene, koene de organisaasjes yn it Frysk harren ynbring jaan.

De Fryske Bewegers hawwe by de komitees warskôge dat it skielk trochsetten fan troch Deputearre Steaten oankundige besunigingen op Frykse taal en kultuer desastreuze gefolgen hawwe sil en de ferdraggen en dêrop ôfstemde wetjouwing nei alle gedachten skeint. Fierder wize hja derop dat it Frysk yn it ûnderwiis diskriminearre wurdt, om’t skoallen de mooglikheid hawwe harren wei te winen foar ferbetteringen, mei it argumint dat der lokaal te min draachflak foar wêze soe. Dy mooglikheid wurdt ommers foar gjin inkeld oar fak jûn. De Bewegingsried konstatearret fierder dat it brûken fan de Nederlânske taal earder ta- as ôfnimt yn publikaasjes fan organisaasjes dy’t troch de provinsje stipe wurde. De provinsje soe skerper wêze moatte op de subsydzjebetingsten en easken stelle oan it brûken fan de Fryske taal, benammen as it giet om subsydzje foar aktiviteiten dy’t mei taal en kultuer anneks binne.

De Ried fan de Fryske Beweging hat neist it petear troch it skriuwen fan in brief syn punten ynbrocht. Dat brief is hjirre te lêzen (Frysk ûnderoan): RFFB 2022 Brief CoE juny 2022

july 18, 2022 11:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.