Ryksoerheid nettsjinsteande Europeeske krityk net fan doel om mear foar it Frysk te dwaan

juny 2, 2021 21:05

De Nederlânske Ryksoerheid is bêst tefreden oer it eigen belied foar it Frysk. De swiere ynternasjonale krityk dêrop wurdt lykwols net op yngien.

Ferline jier oardiele de Ried fan Europa dat Nederlân te min die oan de útfiering fan it Europeesk hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (link). Dat is in Europeesk ferdrach dêr’t lannen yn tasizze dat se goed soargje sille foar har minderheidstalen. Foar it Frysk hat Nederlân konkrete tasizzings dien, foar it Nedersakysk, Limburchsk, Jiddysk en Romanes is der in ûndúdlike ynspanningsferplichting.

Neffens de Ried fan Europa moast Nederlân “onverwijld het aantal lesuren van en in het Fries” op basisskoallen ferheegje en der ek foar soargje dat mear skoallen foar fuortset ûnderwiis Frysk oanbeane. It is net de earste kear dat Nederlân dat te hearren kriget, it kommentaar wurdt om de pear jier jûn en Nederlân docht dêr nea wat mei.

No hat de Nederlânske Ryksoerheid it eigen belied evaluearre, alteast dat is it doel fan it dokumint Zevende rapportage van Nederland inzake het Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden. Op it kommentaar fan ynternasjonale kommisjes fan saakkundigen wurdt dêryn hielendal net yngien. It hiele wurd “onverwijld” komt net werom yn it dokumint. De paragraaf oer Frysk ûnderwiis giet benammen oer de plannen fan de oerheid om skoallen oant 2030 de tiid te jaan om de lessen Frysk op it wetlike nivo te krijen. Oer de opmerking dat Nederlân der neffens de ôfspraken foar soargje moat dat der ek mear lessen mei Frysk as fiertaal komme moatte, wurdt yn de selsevaluaasje allinne sein dat der “in kaart gebracht zou kunnen worden” oft der in nije Frysktalige metoade foar it fak skiednis komme kinne soe.

Earste Keamerlid Ton Raven fan de OSF hat minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongren nei oanlieding fan de selsevaluaasje wat fragen steld, wêrûnder de fraach wat hja fan doel is om te dwaan foar it gebrûk fan it Frysk as fiertaal by oare fakken. Hja anderet dêrop: “De rijksoverheid verplicht scholen niet om Fries als voertaal bij andere vakken in te zetten.” Sa’n ferplichting is der wol foar it Nederlânsk, dus de talen wurde ûngelikens behannele.

De ynternasjonale groep fan saakkundigen hat Nederlân op it hert drukt om it Limburchsk en Nedersaksysk ek op in reguliere manier op skoallen te ûnderwizen. Raven freget de minister hoe’t hja dat oanpakke wol. Hja ferwiist wol entûsjast nei inisjativen fan guon skoallen sels en seit dat der op learare-opliedings omtinken jûn wurdt oan it Nedersaksysk, mar hja beantwurdet Raven syn fraach net.

Dat de selsevaluaasje net echt in antwurd op de kommentaren fan de kommisje fan saakkundigen is, mar foaral in eigen ferhaal fan de Ryksoerheid is te sjen oan de tekst fan de selsevaluaasje oer de útfiering fan in oar ynternasjonaal ferdrach, it Ramtferdrach nasjonale minderheden. Hoewol’t dat oer hiele oare saken giet, stiet yn beide selsrapportaazjes foar in grut part presys deselde tekst.

De beide selsevaluaasjes binne hjir te finen: link.

juny 2, 2021 21:05
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. S.T. Hiemstra juny 3, 09:34

    WEKKER WURDE – WEKKER WURDE – WEKKER WURDE

    OROP FOAR IN JURIDYSK FRONT FOAR IT FRYSK!

    Men soe jin dochs djip skamje moatte as men diel útmeitsje moat fan sa’n ymperialistyske en neo-koloniale ‘eenheidsstaat’ as ‘Nederland’ dy’t wol ekskuzen oanbiedt foar de misdieden fan foarfaars út it ferline, mar blyn bliuwt foar de diskriminaasje fan hjoed-de-dei as it om it Frysk en de Friezen giet. Hypokrisy sûnder wjergea …

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.