Europeeske fakbûnen wolle maksimumtemperatuer foar wurk yn bûtenlucht
Resint ferskynd
It Europeesk Ferbûn fan Fakferieningen (EVV) wol dat yn Europeesk ferbân in maksimumtemperatuer foar feilich wurkjen yn ’e bûtenlucht ôfpraat wurdt. De koepelorganisaasje, dêr’t 92 fakbûnen út 39 Europeeske lannen by oansletten binne, stapt mei dat fersyk nei de Europeeske Kommisje.

Foto: pixabay.com
De oprop komt in wike nei’t yn Spanje trije arbeiders ferstoarn binne doe’t se yn ’e hjitte oan it wurk wiene, ûnder wa in sechtichjierrige strjitfeier en in 56-jierrige magazynmeiwurker út Madrid. It wie op dat stuit sa’n fjirtich graden yn de Spaanske haadstêd. Neffens it EVV hawwe in stikmannich EU-lidsteaten, wêrûnder België, Letlân en Hongarije, wetlik fêstlein oant hokker temperatuer bûten wurke wurde mei. Mar alle lannen wurkje mei ferskillende maksimumtemperatueren. Boppedat is yn de measte Europeeske lannen hielendal neat fêstlein oer eventueel minder wurkjen by in hjitteweach.
Unbeskerme yn ’e sinne
Ut in stúdzje fan EU-ûndersyksburo Eurofound docht bliken dat 23 persint fan alle wurknimmers yn ’e Europeeske Uny likernôch in fearn fan de tiid te krijen hat mei hege temperatueren. Yn ’e lânbou en yndustry leit dat persintaazje noch heger. “Politsy kinne net langer it gefaar fan kwetsbere arbeiders skouderje, wylst se sels noflik yn kantoaren mei airko sitte”, seit EVV-bestjoerder Claes-Mikael Stahl. “Hjitteweagen kinne deadlik wêze foar minsken dy’t sûnder beskerming yn ’e sinne wurkje, lykas we fan ’t simmer al yn Spanje sjoen hawwe.”
Nei de dea fan de arbeiders yn Madrid hawwe de autoriteiten fan de Spaanse haadstêd mei gemeentlike fakbûnen ôfspraken makke oer it wurk yn ’e hjitte. Meiwurkers fan gemeentlike himmeltsjinsten hoege tenei net mear bûten te wurkjen as de temperatuer boppe de 39 graden útkomt.
Tusken 16 en 24 graden
Hokker maksimumtemperatuer de EVV by de Europeeske Kommisje foarstelle wol, is net bekend. Neffens de Wrâldsûnensorganisaasje leit de optimale wurktemperatuer tusken 16 en 24 graden Celsius. Yn Nederlân jildt op it momint gjin maksimumtemperatuer foar feilich wurkjen, hoewol’t wol yn it Arbobeslút stiet dat de temperatuer op it wurkplak “gjin skea” feroarsaakje mei oan de sûnens fan wurknimmers. As de temperatuer dochs ta skea laat, moatte beskermingsmiddels útdield wurde of moat de wurktiid beheind wurde. Der wurde lykwols gjin spesifike temperatueren neamd.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje