Doede Wiersma: As ien dy’t frede bringt

july 31, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Teake van der Meer hie in kostlik stikje oer in heit dy’t mar net yn ’e sliep komme kin, om’t ‘it frjemde jonkje’ dat by syn dochter is, mar net nei hûs giet. As in film giet it oan syn eagen foarby wat dat jonkje mei syn famke útheve kin. De frou bêdet him del mei de wurden: “Do hast sels ek jong west.” Mar op ’t lêst fljocht er it bêd út en ropt: “No giet er derút!”

It famke fan it Heechliet hat in pear ferfelende bruorren. Earst hearre wy al dat se har wreed op ’e hûd sitte om yn ’e druvetún te wurkjen. Letter fernimme wy dat se de jonges by har wei hâlde wolle (8:8-9). Se fine har noch net ryp foar de leafde: “Se hat noch net iens boarsten”, sizze se. As immen om har hân freget, dan “spikerje wy de doar nei har ta ticht.” It oare byld mei de “sulveren kantélen” is foar ús net helder.

It is oangripend hoe’t it famke har bruorren wjerwurd jout:

“Ik bin in muorre en myn boarsten binne tuorren;
sa bin ik yn ’e eagen fan myn ferloofde wurden as ien dy’t frede (sjaloom) bringt” (8:10).

Yn it byld fan ’e muorre komt har sterke persoanlikheid út. Se seit dêryn dat se hiel goed foar harsels opkomme kin, dat se geburgenheid biede kin! Yn ‘boarsten’ leit har sêfte kant, har fermogen om leaf te hawwen opsletten. Har freon sjocht har as “ien dy’t frede bringt.”
Frede ûntstiet troch leafde dy’t as in flam fan de Hear is.
Elke jonge en elk famke, elke man en elke frou soe alle dagen bidde moatte om dy leafde. In prachtich foarbyld fan sa’n gebed fine wy yn Tobit 8: 4-9. Soe de wrâld dêr net folle moaier fan wurde?

Lêze: Heechliet 8:8-10 en Tobit 8:4-9

Jan Steen: De houliksnacht fan Tobit en Sara (Tobit 8,4)

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
july 31, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.