Doede Wiersma: Allinne

july 3, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

“Ik wekke nachts by har, ik hearde har stadiger sykheljen, ik belibbe har lêste snik. Ik stoarre nei bûten. Myn frou wie dea. Ik wie allinne. Wat betsjut dat, allinne wêze?” Sa skreau in man oer it ferstjerren fan syn frou.

It ferhaal Ruth lit ús yn it fyfde fers al witte dat Noömy nei har man ek har beide soannen ferliest. Se bliuwt yn it frjemde lân allinne oer, is de konklúzje. Wat is allinne?
De man dy’t ik sitearre, skreau: “It hûs leech, stil, nimmen dy’t op my wachtet, nimmen dy’t mei my praat. Leechte! Leechte! Allinne mei dyn soargen, allinne mei dyn eangsten, allinne mei dyn fertriet. Wat moatst dwaan? Wa’t jierren mei de oare libbe hat yn deistich kontakt en ferbûnens, iepen foar elkoar, soargjend foar elkoar, kin dat amper ferwurkje…”

Folkert Verbeek hat yn de musical Ruth in oangripende rouklacht fan Noömy skreaun:

Wêrom, wêrom hast, dea, dyn skerpe klauwen
ferskuorrend slein yn wa’t my ’t neiste stie,
my ûnmeilydsum stoart yn djippe rouwe
wisto dan net, dat hy myn alles wie?

Noömy is dea fan binnen. Sûnder soannen hat se gjin takomst. Bern wiene yn dy tiid ommers de foarsjenning foar de âlde dei.
Folkert Verbeek fûn moaie wurden foar de gefoelens fan Noömy:

Mei hert en siel ha ik my jûn
myn leaflikens, myn bêste krêften.
Wat ik bedijde op dizze grûn:
muoite en fertriet en trije grêven.
Ynein en wurch bin ’k noch allinne ree
werom te gean, werom nei ’t âlde stee.

Lêze: Ruth 1:3-6

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
july 3, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.