Cruiseskip Star Legend leit yn Harns oan
Resint ferskynd
- Strjitnammebuorden oanlieding foar nije Spaanske taalstriid 0
- Takom wike grutte treinstaking 0
- Wer grutte flater by ôfhanneljen ierdskokskea: slachtoffers witte net wat se no moatte 0
- Metaansatellyt fynt jiskebult mei klimaatynfloed fan oardel miljoen auto’s 0
- Iraansk regear oer Rushdie: oanfal wie eigen skuld 0
Moarn, snein 31 july, docht it lúkse seecruiseskip de Star Legend foar de earste kear Harns oan. Nei ferwachting leit it 159 meter lange skip fan de Amerikaanske rederij Windstar Cruises om 7.00 ûre yn Harns oan. Om 19.00 oere set it nei Amsterdam ôf.

De Star Legend. Foto rederij Windstar Cruises
De Star Legend is sûnt 2015 eigendom fan rederij Windstar. Yn 2020-2021 krige it skip in fikse opknapbeurt. It waard modernisearre en 26 meter langer makke, sadat it no 159 meter is en der fyftich lúkse suites by krige. It is acht dekken heech en kin 312 passazjiers bergje. Mei syn 159 meter hat it de maksimale lingte dy’t yn de Harnser haven past. As it skip moarn yn Harns leit binne der sa’n tachtich gasten oan boord. Dat it gjin folle besetting hat, is noch in gefolch fan de koroanapandemy. Aardich om te witten is dat it skip yn 1997, doe’t it noch ûnder de namme Seabourn Legend fear, yn de film Speed 2 mei de ferneamde aktrise Sandra Bullock figurearre.
De Star Legend makket in reis fan acht dagen fan Kopenhagen nei Amsterdam. Oare havens yn Nederlân docht it skip net oan. Mei syn âlde grêften, rike skiednis yn de fiskerij en skipfeart, bekoarlike keapmanshuzen, pakhuzen en in netwurk fan skildereftige nauwe steechjes wurdt Harns op it webstee omskreaun as a charming little place oan Unesco Wrâlderfgoed it Waad, in stêd dy’t him as cruisestêd foar see- en riviercruiseskippen ûntwikkelet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje