Trije miljoen boeken te keap by grutste ramsj fan Nederlân

maaie 12, 2024 08:09

Foar de sechstjinde kear giet de grutste oerdutsen boekebeurs fan Nederlân wer los. Dit jier op 17, 18, 19 en 20 maaie. De beurs, organisearre troch Steven Sterk op ’e Gordyk, is útgroeid ta in evenemint dêr’t tûzenen minsken út it hiele lân foar nei Fryslân ta komme.

Foto: Steven Sterk

Hoewol’t yn Nederlân in protte oer ûntlêzing praat wurdt, is dêr op dy dagen neat fan te fernimmen. It is opfallend hoefolle papieren boeken oft oer de toanbank geane, kocht troch jong en âld. De foarried ramsj (nije boeken foar in lege priis) bestiet út goed trije miljoen boeken. Alle titels binne skerp prize. De tagong is fergees en alle keapers krije in ekstra boek kado.

Dit jier meie de klanten wer troch de ûneinige paden rinne dy’t oars ferbean gebiet binne. Oer in lingte fan oardel kilometer lizze goed 6.000 titels te keap. Ferdwale is net mooglik, mar ôfskied nimme fan de boekewrâld is foar in protte minsken lestich; dy bliuwe graach hingjen.

Steven Sterk is al jierren de grutste ramsjhanneler fan Nederlân en Flaanderen. It wurd ramsj yn it boekefak stiet foar restpartijen. Steven Sterk begûn yn 1989 mei in tydlik winkeltsje yn Snits en letter dat jier mei in boekwinkel en gruthannel yn Utert. Sûnt 2007 is de gruthannel op ’e Gordyk fêstige.

Lokaasje: Hellingbaas 1, 8401 JH De Gordyk. Iepeningstiden: 17, 18, 19 en 20 maaie fan 12.00 oant 17.00 oere. Mear ynformaasje is te krijen fia telefoannûmer 0513 – 462447 of e-post info@ramsj.nl.

maaie 12, 2024 08:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.