Briefkje oer taal (21)

july 12, 2022 08:00

Jan Breimer reagearret op de brief fan Ed Knotter (soch Briefkje oer taal (20) | It Nijs)

Bêste Ed,

Do skreaust ferline wike oer it belang fan standerdisaasje fan it Frysk, sawol foar it ûnderwiis as foar it fuortbestean fan ús kwetsbere taal. Ik bin it dêr alhiel mei iens. By it learen fan oare talen is ús nea foarholden dat we in selde wurd wol op ferskillende wizen skriuwe mochten. As der yn in lêsboek alris in wurd oars skreaun wie as dat wy it leard hiene, dan waard ús útlein dat de skriuwer útkomme litte woe dat sa’n wurd yn de streek dêr’t it ferhaal spile oars útsprutsen waard.

As foar it Frysk de noarm wêze soe dat we skriuwe sa’t we prate, dan soe it Frysk gjin takomst hawwe, want dan siet it grôtfol Hollânske wurden en útdrukkingen. Dat standerdisaasje foar guon oanfielt as taalûnteigening begryp ik skoan. Sok skreaun Frysk docht harren net eigen oan. Mar dat giet dochs mei alle talen sa? Moatte we de bern en de nijynkommelingen dy’t Fryske les krije der net fertroud mei meitsje dat we in skriuwtaal hawwe om inoar yn grutter ferbân op skrift berikke te kinnen? De oerheid is fan en foar ús allegearre. As fan dy kant út ús wat meidield wurdt, moatte we dat lêze en begripe kinne. Foar kranten, tydskriften en boeken jildt itselde. Dêrom dat it ûnderwiis ús dêrop tariedt. As dat mar lang genôch folholden wurdt, wurdt it fansels gewoan. Wy sitte yn in oergongsfaze, dy’t spitigernôch fierstente lang duorret, trochdat it in protte minsken (âlden fan skoalbern en leararen) net mienens is of trochdat dy der tsjinoan skytskoarje omdat it Frysk sa dreech wêze soe. Wat langer oft dy oergong duorret wat dreger oft it wurdt en wat gauwer oft we it Frysk kwyt binne.

Do skreaust ek dat It Nijs him neffens dy oan de foarkarswurdlist hâldt. Dat is net foar de folle hûndert persint it gefal. As korrektor wol ik dat wol, mar yn de redaksje hawwe wy ôfpraat dat as in meiwurker of in ynstjoerder der, om watfoar reden dan ek, op stiet om neffens eigen foarkar te skriuwen, dat akseptearre wurdt, op betingst dat de skriuwize wol yn it Wurdboek foar de Fryske Taal (WFT) foarkomt. Dat jout romte. Dêr wurdt in protte libben taalgebrûk – krekt dy wurden dy’t troch standerdisaasje ferlern driigje te gean – sichtber mei makke.

Mei freonlike groetnis,

Jan

july 12, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. H.Oftstra july 13, 08:37

    In goed stik! Ik soe lykwols ‘oft’ ynfoegje yn: Wat langer [oft] dy oergong duorret wat dreger [oft] it wurdt en wat gauwer [oft] we it Frysk kwyt binne.

  2. Breimer Skriuwer july 17, 07:47

    Prima suggestje en dus graach oernommen. Jan

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.