Nyk de Vries treedt op yn Litouwen
Resint ferskynd
Begjin oktober sil skriuwer/dichter Nyk de Vries op poëzijfestival ‘Druskininkai Poetic Fall’ yn Litouwen optrede. It festival nûge de yn Amsterdam wenjende Fries út as ûnderdiel fan Versopolis, in Europeesk projekt mei ûnthjittende Europeeske dichters.
Begjin dit jier is Nyk de Vries op útnûging fan it Poëziecentrum yn Gent oan it projekt taheakke, krekt as earder de Nederlânske dichters Maarten van der Graaff, Maria Barnas en Ilja Leonard Pfeijffer. Eltse Versopolis-partner selektearret in stikmannich dichters dy’t keazen wurde kinne troch oare Europeeske literêre festivals. Optrede yn Litouwen is foar De Vries net de earste kear. Yn 1992 trede er al op as muzikant mei syn earste band The Amp. Ien fan de optredens waard eartiids útstjoerd op de nasjonale Litouske telefyzje.
Renger nominearre foar Gysbert Japicxpriis
Nyk de Vries syn roman Renger is nominearre foar de Gysbert Japicxpriis, de wichtichste Fryske literatuerpriis. De winner ûntfangt in bedrach fan € 10.000 en in oarkunde. Fierder binne Hein Jaap Hilarides, Aggie van der Meer, Elske Schotanus en Ale S. van Zandbergen nominearre. Se binne selektearre troch in ûnôfhinklike sjuery besteande út Grytsje Schaaf, Houkje Rijpstra en Atte Jongstra. Dy beoardielen santich Fryske proazaboeken út de perioade 2015-2018. De Gysbert Japicspriis wurdt op 16 novimber 2019 útrikt yn Boalsert.
Mear ynformaasje oer Versopolis fia dizze link.
Mear ynformaasje oer Nyk de Vries is hjir te finen.







Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje