Nederlânske kristenen wolle homo’s wer ta de kast yn

jannewaris 6, 2019 08:21

Foto: morguefile.com

SGP-foaroanman Kees van der Staaij, SGP-senator Diederik van Dijk en de Drachtster preker Orlando Bottenbley binne trije fan de twahûndertfyftich Nederlânske kristenen dy’t in ferklearring tsjin homoseksualiteit ûnderskreaun hawwe. De ferklearring is nei hûnderten konservative dûmnys en oare kristlike pommeranten tastjoerd en de list fan ûnderskriuwers kin dan ek noch langer wurde.

De ferklearring is in oersetting fan it Nashville Statement, in dokumint út 2017 dat troch in grut tal Amerikaanske konservative kristenen ûnderskreaun is. Yn it dokumint sizze hja dat it houlik in saak is fan ien man en ien frou.

Dat is net in ûnbekend stânpunt foar ljuwe yn ‘e konservatyf-kristlike hoeke, mar de ferklearring giet fierder. Sa stiet der ek yn dat it neffens God net de bedoeling is dat minsken harsels as homoseksueel sjogge of har sa oan oaren presintearje. Oars sein: homo’s moatte neffens de ûnderskriuwers werom de kast yn. It dokumint hâldt bûtendat út dat God in “levensveranderende kracht” jaan kin om “zondige verlangens te doden”. Dat hâldt safolle yn as dat minsken neffens de ûnderskriuwers ‘genêze’ kinne fan harren homowêzen. Neffens de ûnderskriuwers is der oer it útdroegen stânpunt net te ûnderhanneljen: der wurdt praat oer “homoseksuele onreinheid”, dy’t gjin “moreel neutrale zaak” wêze soe dêr’t kristenen fan miening oer ferskille kinne.

Lang net alle prominente kristenen hawwe de ferklearring ûnderskreaun. De Nederlânske heitelânsteolooch Stefan Paas neamt de ferklearring “publieke stoerdoenerij ten koste van kwetsbare mensen” en freget him ôf: “Wie is hier in vredesnaam mee gediend?” EO-foarsitter Willem Smouter ropt op: “Geloof dit niet! Wat je identiteit ook is, […] je bent welkom in Gods huis.”

De ferklearring is nei alle gedachten in reaksje op in iepen brief dat hûnderten progressive dûmnys, pastors en oaren yn novimber skreaun hawwe. Yn dat brief pleiten hja foar “een open kerk waarin geen onderscheid wordt gemaakt tussen verschillende relatievormen”. Yn de PKN, de grutste groep protestantske tsjerken yn Nederlân, is ferline jier it stânpunt ynnommen dat it houlik tusken in man en in frou net beskôge wurdt as gelyk oan dat tusken twa minsken fan gelikens slachte, mar dat dat “geen waardeoordeel” ynhâlde soe.

jannewaris 6, 2019 08:21
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Kees van der Beek jannewaris 6, 11:04

    Protestantsk fûnemintalisme hat krek as islamitysk fûnemintalistysk tinken nea wat goeds brocht yn ‘e wrâld: bangmakkerij en minsken ôfseamje – dêr witte sokken wol rie mei

  2. Rob jannewaris 6, 11:46

    Elkenien is gelyk, mar guon binne mear gelyk.

  3. Hâns J. Weijer jannewaris 6, 18:00

    Tryst dat it leauwe, God, brûkt wurd foar dat soarte fan mienings. Wêrom soenen twa minsken fan itselde slachte foar inoar net ûnderfine kinne wat de kombinaasje man-frou ûnderfynt. En wêrom soe dat net in houlik wêze kinne?!

  4. R. van Schiedam jannewaris 6, 23:24

    Ik had altijd wel respect voor Van der Staaij als politicus, maar dit gaat me echt te ver. Gruwelijk vind ik dit. Met geloof heeft dit niets meer te maken.

  5. Jaap van der Galien jannewaris 9, 12:54

    Volgens de Bijbel, die de christenen als richtsnoer gebruiken, is de wereld nogal onvolmaakt, gebroken tgv. de zondeval van Adam cs. Om dan nu de kwetsbare groepen er uit te “vissen” om daar een oordeel over te vellen, zou men toch eerder verwachten dat de liefde die Jezus predikt, handen en voeten wordt gegeven. Te veel mensen gebruiken (en hebben gebruikt) de Bijbel om elkaar met allerlei uit het verband gerukte teksten, om de oren te slaan. ‘t Lijkt mij, dat het nooit Gods bedoeling zal zijn geweest, dat Zijn woord aanleiding zou zijn tot zo ontzettend veel interpretaties en geweld. Wat dat betrfet doet het christendom niet onder voor het geloof van de moslims (denk aan bv. de kruistochten, al die kerkscheuringen met alle ellende van dien eb vergeet ook niet de strijd van het Heilige Roomse Rijk tegen alles wat niet op strookte met hun idealen (lees: macht!) en dan de oorlog tussen de katholieken en de protestanten (60-jarige oorlog bv, Noord-Ierland). Ergens in het Nieuwe Testament vind je de verzuchting dat, als Jezus terug zal keren op aarde, hij nog geloof zal vinden…… Dat zou al die kerkgenootschappen, die menen het ware geloof te verkondigen, wel eens raar op het lijf vallen.

  6. Johannes jannewaris 9, 14:33

    Dat is it moaie oan “leauwe”, elkenien mei der wat by betinke. Dy boeken binne skreaun yn it fiere ferline troch minsken, dy’t macht útstriele wolle en of te min oan fitaminen krigen en fantastyske optinksels krigen.

  7. - jannewaris 9, 16:49

    @Vandergaliën: …OF hij nog geloof zal vinden.’

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.