Dea

maaie 31, 2010 18:13

Ik hie al in hiel ein yn de hurde noardewyn op fytst, dat ik lei it wurge liif even te rêsten yn it gers. Ik koe der ek wol even by lizzen gean, tocht ik. En ik die wat ik tocht en it gers rûkte hearlik en de fûgels songen omraak.
Ynienen hearde ik in skreau: “Dy frou is dea!”
Ik stuts de hân op en sei loai: “Ik bin net dea”.
Ik draaide my om en lei út: “Ik ha in appel by my en in fleske wetter, dat ik oerlibje it wol. Mar betanke datsto my rêde woest.”
“Der komme der noch folle mear oan, hear”, ynformearre my it famke.
“Dy skrikke har ek te lider.”
Dat woe ik fansels net en ik kaam wer oerein om de reis te ferfolgjen, ynienen wer fol enerzjy.
It famke stuts ek wer ôf, op nei har folgjende goede died.

Klaske Hiemstra

maaie 31, 2010 18:13
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Skriuw in reaksje

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.