Gabrielle Terpstra: Fergees Fryske kondooms op it Fenix Festival
Resint ferskynd
Skôging
By it Fenix Festival yn Ljouwert ôfrûne freed krigen we optredens te sjen fan nij en fêstige talint yn de Fryske popkultuer. It festival stie net allinnich yn it teken fan muzyk; ek de hjoeddeiske Fryske taal en kultuer fûnen der in plak.
Faak hear ik lûden oer it efterútgean fan it Frysk, benammen út de rûnten fan betûfte dichters dy’t noed hawwe oer it fuortbestean fan de taal. Mar as ik de popkultuer observearje, sjoch ik in hiel oar byld.

Lil Pier komt mei orizjinele reklame (foto Gabrielle Terpstra)
It Frysk befynt him krekt yn in omheech geande spiraal, sa’t ek bliken die op it Fenix Festival, organisearre troch Friesland Pop. Tusken de stands dêr’t de artysten harren shirts en cd’s oanbeaen, waard ik ferrast mei fergeze Fryske kondooms, kompleet mei it logo mei Fryske flagge, fan Lil Pier.
Yn de grutte seal fan Neushoorn wist de Frysktalige folkband Baldrs Draumar it publyk te betsjoenen.
De band wiksele diskear syn metalact yn foar in akoestyske set, resultearjend yn in feestlike sfear. Mei syn muzyk bringt er de skiednis fan Fryslân dúdlik ta libben. De band naam syn eigen fans mei, yn swarte leaver-dea-as-slaaftruien, dy’t foaroan mei stiene te sjongen, mar mear nei efteren stie ek oar, kleurriker klaaid publyk mei te dûnsjen en te springen.

Baldrs Draumar yn de grutte seal (foto Gabrielle Terpstra)
Letter op ’e jûn wie rapper Lil Pier oan bar. Nei de kondooms wie myn nijsgjirrigens grut, en ik hie al in soad posityfs oer him heard. Syn manager, rapper Kuó, dy’t koartlyn yn Tresoar noch in rapworkshop fersoarge, dy’t ik mei in tal Fryske skriuwers en dichters bywenne, stie ek op it poadium.
Lil Pier rapte mei in bjusterbaarlike enerzjy yn it Frysk, en de seal song teksten oer kokaïne, Fryslân en Grutte Pier mei. Syn boarst waard sierd troch in tatoeaazje fan Fryslân. Ta grutte ferrassing kaam Sjoerd, de sjonger fan Baldrs Draumar, ek it poadium op foar in duet mei Lil Pier.
Opnij fleagen de Fryske kondooms troch de loft, moai foar om it grutte swurd.
De oare acts op it festival wiene ek fantastysk, fan dragqueens oant hardcore; alles gie hân yn hân. Wy kinne grutsk wêze op wat we yn Fryslân prestearje!






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje