28e Ynterfrysk Kongres fan 15 o/m 17 septimber yn Ljouwert en Dokkum
Resint ferskynd
Fan 15 oant en mei 17 septimber 2022 wurdt yn Ljouwert en Dokkum it 28e Ynterfrysk Kongres holden. It tema is: ‘De ferbinende ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne’.

Ynterfryske flagge
It Ynterfrysk Kongres wurdt organisearre troch de Fryske Rie en is dit jier yn gearwurking mei de ynternasjonale Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen, organisearre troch û.o. de Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversteit Grins. Dielnimmers fan it Friezekongres kinne har oanslute by de publyksmiddeis fan 15 en 16 septimber. Op 17 septimber organisearret de Fryske Rie it sympoasium mei de titel ‘De ferbinende ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne’.
Sprekkers
De haadsprekkers op it sympoasium fan 17 septimber binne binne û.o. Nelleke Ijssennagger van der Pluijm en Han Nijdam (Fryske Akademy), Pieter van der Valk (Universiteit Wageningen) en Ynze Salverda, Martin Cnossen en Otto Knottnerus.
Nei it sympoasium is der in ekstra programma mei in rûnlieding troch de Bonifatiuskapel en in oekumenyske meartalige tsjerketsjinst. De jûn sil mei muzyk ôfsletten wurde. De útnûging en it folsleine programma (FRY, NL, DE) binne hjir te finen.
Lokaasje en oanmelde
It sympoasium op sneon 17 septimber hat plak yn Dokkum, yn De IIsherberch oan de Hurddraversdyk 1.
Kosten dielnimmers deiprogramma 25 euro, ynklusyf jûnsiten en jûnsprogram 52,50 euro, koarting studinten 7,50 euro. It oanmeldformulier is te finen yn de struibrief.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje