ING-meiwurkers meie no dochs Frysk mei klanten prate

maaie 8, 2024 17:02

Meiwurkers fan de ING Bank meie no dochs Frysk prate mei klanten oan ’e telefoan. Earder wie dat net tastien. It taalbelied fan de bank kaam yn it nijs nei’t in meiwurker wegere hie om in klant, Fedde Dijkstra, yn it Frysk te wurd te stean, ek al koene se beide de taal wol prate. It Nijs publisearre it folsleine telefoanpetear fan Dijkstra mei de ING-meiwurker. Dêrnei stoarten provinsjale én lanlike media harren op it nijs. Dat late ta in stoarm fan protesten dy’t, mei troch aksjes fan Fryske Bewegers, net mear belune.

Aksje fan de Jongfryske Mienskip by ING yn Amsterdam yn febrewaris (foto: Jongfryske Mienskip)

De bank sei dat meiwurkers net Frysk prate mochten, om’t petearen opnommen wurde om letter hifke te wurden. De bank tinkt der no oars oer en skriuwt de folgjende ferklearring: “Wy hawwe harke nei ynbring fan ús Fryske klanten en begripe de reaksjes. Graach wol ING syn minsklike kant sjen litte en respekt foar de twadde Rykstaal fan Nederlân, it Frysk, toane. Wy hawwe besletten it mooglik te meitsjen dat Fryske klanten, as sy in Fryskpratende meiwurker oan ’e telefoan krije, yn it Frysk te wurd stien wurde kinne. Dat betsjut dat it monitoarjen fan dy petearen (foar opliedingsdoelen) dien wurdt troch kollega’s dy’t de Fryske taal behearskje.” De bank seit mei klam dat klanten der gjin rjochten oan ûntliene kinne. “It Frysk praten is inkeld mooglik as in meiwurker de Fryske taal ek machtich is. Wy rekkenje op it begryp fan ús klanten en geane derfan út dat wy hjirmei temjitte komme oan de winsk om as it mooglik is Frysk mei ús meiwurkers te praten, lykas dat yn Fryslân wenstich is.”

Twa dagen lyn waard troch studinten en leden fan de Fryske Beweging aksje fierd. Der waard manmachtich yn it Frysk mei de bank skille, om sa omtinken foar de Fryske taal te freegjen. De bank liet doe al witte dat it taalbelied opnij besjoen wurde soe.

Sjoch ek:

www.itnijs.frl/2024/02/ing-bank-ferbiedt-fryskpraten

www.itnijs.frl/2024/02/mediastoarm-om-ferbod-fryskpraten-by-ing

www.itnijs.frl/2024/02/jongfryske-mienskip-hinget-fryske-flaggen-op-by-ing-yn-amsterdam-2

www.itnijs.frl/2024/05/ing-krige-hjoed-in-protte-fryske-telefoantsjes

www.itnijs.frl/2024/05/studinte-aksje-grut-sukses-ing-haldt-anty-frysk-taalbelied-tsjin-it-ljocht

maaie 8, 2024 17:02
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin2.0 maaie 13, 19:20

    Dizze ‘slach’ is wûn. Ik begryp allinnich net wêrom’t de Ried fan de Fryske Beweging him altyd sa ôfsidich hâldt? Sy wienen eartiids altyd foar it Frysk dwaande.

    It is no sa’n ‘wy spylje op safe klupke’ wurden. Hiele wize wurden, mar absolút gjin tafoeging oan de Fryske studinten en de Jongfryske Mienskip. Ik hoopje dat it wer wat wurdt.

  2. Pieter de Zwart maaie 14, 19:09

    @Erwin2.0

    Jo hawwe faaks gjin goed byld fan de gong fan saken. De Ried fan de Fryske Beweging hat kontakt mei de ING hân en de aksje op de achtergrûn yn gearwurking mei de Federaasje koördinearre. Faaks hawwe wy op de foargrûn yn jo eagen net sichtber genôch west, mar it wichtichste is dat it winske resultaat behelle is.

    Sjoch ek:
    https://www.itnijs.frl/2024/05/studinte-aksje-grut-sukses-ing-haldt-anty-frysk-taalbelied-tsjin-it-ljocht/

    https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/16491120/ing-kriget-fryske-telefoantsjes-fan-lilke-studinten-ik-stap-oer-nei-in-oare-bank

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.