Bouwe de Boer: Bi-cycle of bye-sukkel?

maaie 11, 2024 08:00 Fernijd

Kollum

Mear as fyftich persint fan alle autoritten is koarter as 7,5 kilometer. Foar gemeenten dy’t stêd en doarpen berikber hâlde wolle en graach op mear grien en mear bewegen ynsette, is dat al jierren in stikel yn ’e foet. Yn Fryslân sil yn de kommende jierren de elektryske dielauto him aloan mear sjen litte ûnder de namme ‘Buurtbestuurders’ of ‘Buertbestjoerders’. Dat is ien fan de oplossingen om bygelyks in twadde auto oerstallich te meitsjen. Yn Fryslân wurdt de earste proef yn fiif doarpen yn 2024 opfolge troch krekt sa’n proef yn tritich oare doarpen.

It opfallendst by de dielautoproef fan ien jier wie dat trije húshâldingen de twadde auto fuort dien hiene. Noch opfallender wie dat se yn dat proefjier de dielauto net ien kear brûkt hiene! Se ûntdutsen dat se begûn wiene om folle better te plannen, faker de fyts pakten en soms sels de trein brûkten. It automatisme fan gau efkes de auto pakke waard trochbrutsen: trije auto’s minder yn it doarp. Foar gemeenten alle reden om de opmars fan de dielauto te stypjen.

Foto Xanne Vera (Wergea Bloeit)

Bloeidoarpen en apels
Wergea, Grou en Akkrum-Nes binne yn maaie en juny bloeidoarp. Alle trije organisearje se in wike mei withoefolle aktiviteiten dy’t in bydrage leverje oan it brede wolwêzen fan in doarp. Wat faker de fyts pakke heart dêr yn alle gefal by. Yn Akkrum-Nes is dy mobiliteitsdei op tiisdei 14 maaie. Massaal wurde de ynwenners oproppen om dy wike en spesjaal op dy dei de fyts of de elektryske dielauto te pakken, of thús te wurkjen. In apel út in lokale pluktún is de beleanning, neist in fitter lichem.

De bloeiwiken kinne de start wêze fan in beweging yn de rjochting fan in doarp mei hieltyd mear omtinken foar bewegen, sûnens, better iten, it klimaat en mear wille mei-inoar te meitsjen.

Wês gjin sukkel, kies foar de cycle!  😊

Dit is nûmer 88 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan Fossylfrij Fryslân.

 

maaie 11, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.