Lytse ivichheid

april 15, 2024 10:03

Skôging

Blauwwaarm hong de middei
oer it hiem;
ûnder it mes fan de stilte
waarden bousel en beam
yn oarder brocht.

Sita Land-Dotinga (foto FNP)

In part fan it troch ús Pake Jan Dotinga skreaune gedicht ‘stilte’, út ’e bondel Lytse Ivichheit (1965), waard brûkt troch ús dichter fan Fryslân Arjen Hut en foardroegen by de ûndertekening fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) ôfrûne moandei.

Yn dy bestjoersôfspraak is opnaam wat it Ryk en de provinsje dwaan sille om de Fryske Taal en Kultuer fuort te sterkjen. Tige wichtich en oantrune troch Keamerlid Habtamu de Hoop en in pear fan syn kollega’s. Dy’t dêrnei yn in praatshow troch in âld man ferwiten waard dat er himsels in Fries neamt. Yn dyselde praatshow waard ek ús Fryslân en it Frysk bespotlik makke. € 18 miljoen, weismiten jild. Neffens my is it sjen nei sa’n praatshow weismiten tiid. Dy lju dêr witte de helte fan de tiid net wêr’t se it oer ha.

De gearwurking dy’t nedich wie om derfoar te soargjen dat ús libjend erfgoed ek echt libben bliuwt, ha wy ûnder oaren te tankjen oan de Fryske polityk. Mei amtners dy’t harren tige ynset ha, gemeenten dy’t ek de gearwurking socht ha en no harren ynbring (foar in part) werom sjogge yn de BFTK.

En oer gearwurking sprutsen, it fernuvere my dat der blykber fjouwer gemeenten fine dat se wichtiger binne as oaren en foarrang ha meie. Foarrang op wentebou. De F4: Ljouwert, Smellingerlân (Drachten), Hearrenfean en Súdwest-Fryslân (Snits). Moatte wy ek hjir net just de gearwurking sykje? Moatte wy net – LYKAS MEI DE BFTK – mei-inoar oparbeidzje om sa de bêste resultaten te beheljen foar ús provinsje? Der mei-inoar foar soargje dat net allinnich yn de F4 ekstra boud wurdt, mar nei aard, skaal en karakter ek just foar de leefberens op de lange termyn yn ús doarpen? Dêr is in protte fraach nei. Wêrom wurde oare gemeenten net meinaam yn dit proses? Hawar, it sil wol in lytse ivichheid duorje foardat elkenien begrypt dat men just mei-inoar mear berikke kin.

Sita Land-Dotinga
FNP-Steatelid

april 15, 2024 10:03
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. J. Slager april 15, 18:33

    De woartel yn it lid!

  2. albert schaafsma april 18, 11:49

    Sita, in jier as wat ferlyn wurke ik yn Twinte by in reklameburo. En eltse moarn wie ik by oankomst út Fryslân ferwolkomme troch – jonge – Twintske reklamejonges mei ‘Ha, stomme Fries!’ Dan kryg ik in huft op ‘e skouder, dan wie d’r lake en makken wy tegearre moai, oansprekkend en oertsjûgend reklamewurk. En dan wie it wer ‘oant sjen, oant moarn!’ Fier foar Piet Paulusma. Ik haw my nea misledige field, mear erkenning dat ik bestie en myn wurk wurdearre wie. De Ingelsman Ricky Gervais (The Office) mislediget minsken mei opset sin oan ien rige troch. Hy wol se striidber maitsje, mei namme omt skyters fan direksjes fan teaters ensfh kabaretiers al yn ‘t foar oplizze wolle gjin oanstjitjowende teksten te brûken. Hy seit ‘mar wêrom komme dy minsken hjir dan?’ Ergo, wêrom sjogge de minsken nei Johan Derksen? It is ûnmooglik yn it deistich libben it eltsenien nei de sin te meitsjen. As bern wisten wy it al: ‘schelden, schelden doet niet zeer, schop onder de kont dat helpt wat
    meer. ‘ No, sa sawat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.