Lit Derksen mar roppe en raze

april 11, 2024 08:51

It is in prachtige wike foar it Frysk. Dat hat in soad moaie wurden opsmiten en wat nuvere opmerkingen. Noch nea stuts it Ryk safolle jild yn ús taal en noch nea wiene wy sa ticht by in lykweardige ynset. No de lykweardigens fan it Frysk en de Fries sels noch. Want der is noch in soad te dwaan. Sjoch mar nei de opmerking fan Johan Derksen yn VandaagInside dat Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop gjin Fries wêze soe.

Attje Meekma, foto © CDA Fryslân

It wiene útspraken dy’t sels yn de kroech net te akseptearjen binne. It jild foar it Frysk soe weismiten jild wêze en it Fryske PvdA-Keamerlid De Hoop hat gjin rjocht fan sprekken. Sterker noch, yn de eagen fan Derksen is hysels like goed in Surinamer as dat Habtamu in Fries is. Habtamu is berne yn Ethiopië, mar hy komt út Wommels, is hjir grutbrocht troch Fryske âlders, sit op keatsen, stiet graach op de redens en praat geef Frysk. As hy al gjin Fries is, wa dan wol?

It rekket ús allegearre. Want ien fan ús wurdt ferteld dat hy der net by heart. Datst noch net Frysk genôch bist, al setst dy der yn it heechste amt fan it lân mei dyn hiele hert yn foar de taal fan it hert. Lit ús it neame wat it is, anty-Frysk.

Sizze dat allinnich minsken dy’t hjir berne binne Fries wêze kinne, docht gjin rjocht oan de tûzenen nije Friezen dy’t har hjir thús fiele en thús binne. Dêrmei wurde ús ynwenners ûntkend yn wa’t se binne. Habtamu is in poerbêste Fries. Sûnder de Twadde Keamer wie dizze bestjoersôfspraak, in boppeslach foar Fryslân, der net kaam. Habtamu de Hoop is dus ús hoop. Wa’t gjin rjocht fan sprekken hat? Johan Derksen sels nei dizze opmerkings.

Sjirk Eildert Bruinsma (eigen foto)

Ek net oer de 18 miljoen euro dy’t no foar it Frysk beskikber komt. Dêrmei beskermje wy it Frysk en de Friezen. En dat is hurd nedich. Sjoch mar nei de rjochtspraak, dêr’t rjochters noch altyd yn de rjochtseal freegje ‘Kunt u ook Nederlands praten?’ Of nei Minister Hugo de Jonge, dy’t de Twadde Keamer fertelde dat hy it debat oer it Frysk ‘gewoon in het Nederlands’ dwaan soe. Der stiet frijwat op it spul. Us taal fan it hert, ús sporten en ús kultuer. Mei pake en beppe Frysk prate kinne. De rykdom fan Fryslân. Dus lit Derksen mar roppe en raze. Lykas Habtamu de Hoop al sei yn syn reaksje, wy gean wer lekker oan it wurk. Want it is mei sizzen net te dwaan.

Sjirk Eildert Bruinsma, foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging
Attje Meekma, foarsitter fan it Steatekomitee Frysk

april 11, 2024 08:51
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Thomas de Lieder april 11, 16:23

    In tizich ferhaal fol ferhoalen bedoelings fan in d66-er en in cda-ster. Folslein folgens harren polityke woke-ideology fan iensidich rjochte kultuerele oaneigening

  2. Klaas Aaldert van der Veen april 11, 17:49

    Foar dat ik op Aant Jelle Soepboer stimt ha, ha ik op Habtamu de Hoop stimt. Omdat de SP it Minority Safepack Initiative net understreekje woe. De opmerking ‘kunt u ook Nederlands praten?’ is in mislediging,sels de domste minsken wurd it Hollansk troch de strot drukt! En de opmerking ‘gewoon in het Nederlands’ is d’r ek fier by troch. D’r is gjin butenlan dat Frysksinnich is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.