Dwers troch de Middelsee

april 12, 2024 08:00

Eabele van der Veen: It Jabikspaad del (1)

Foarôf
Yn 2019 bin ik begûn om it Jabikspaad ôf te kuierjen. Om de fiif of seis wike woe ik der in dei op út. Soks jout my in protte ferdivedaasje. It Jabikspaad is in pylgerpaad tusken Sint-Jabik en Hasselt. Fan Sint-Jabik oant Jirnsum hat it paad twa rûten. De westrûte giet oer Frjentsjer en de eastrûte oer Ljouwert. Fan Jirnsum ôf giet it dan as ien rûte fierder nei it Oeriselske Hasselt. Ut Uithuizen wei rint troch Grinslân en Drinte it Jacobspad, ek nei Hasselt. Beide paden slute oan op in rûte dy’t fierder troch it lân úteinlik nei it Spaanske Santiago de Compostela rint. Mear oer it Jabikspaad is te finen op https://www.jabikspaad.nl/ en op https://fy.wikipedia.org/wiki/Jabikspaad.

Ik wenje yn Lelystêd. Om dêrwei nei Fryslân ta, makke ik op myn kuierdagen gebrûk fan it iepenbier ferfier. Oer it spoar en mei de bus koe ik oeral komme, as ik der de tiid mar foar naam. Fan wat ik ûnderweis seach en belibbe, haw ik wat opskreaun. Mei it lânskip en de skiednis haw ik wol wat, dus dêr kin ik ek dingen fan fertelle. It fototastel hie ik altyd mei en sadwaande ûntstie geandewei in ferhaal. Dat wol ik yn fjirtjin ôfleveringen graach mei oaren diele.

Fan Jirnsum nei Mantgum

Myn kuier begjint op 14 augustus 2019 op it stasjon Grou-Jirnsum. Ik rin nei Jirnsum en nim dêr de westrûte nei Sint-Jabik. As ik dêr bin, nim ik de eastrûte nei Jirnsum, om dan fierder nei Hasselt te rinnen.

Yn Jirnsum sjoch ik in boerd mei it opskrift ‘Dorp aan de Rivier’. Dat lit my oan in boek fan Antoon Coolen tinke. Jirnsum leit yndied moai oan de Boarn. Jirnsumersyl, der’t ik lâns kom, is in markant punt yn Fryslân. Dêr hat him yn it ferline hiel wat ôfspile. Foaral mei it wetter hawwe se hjir troch de iuwen hinne wol wat te stellen hân.

Jirnsum. By de Syl (eigen foto)

Hjir kaam de Boarn yn de Middelsee út. Mar troch it tichtslykjen fan dy see-earm koe it wetter net mear goed fuortkomme. Dêrom hawwe se yndertiid by Jirnsum de Boarn ôfdamme, sadat it wetter omlaat waard. It is in yngewikkeld ferhaal oer dat wetter, mar it komt derop del dat it yn de rjochting fan de Sudersee laat is. Nei de daam giet de eigentlike Boarn fierder as Mûzel. Dat streamke folgje ik nei Raerd. Ik kom troch in prachtich greidegebiet. In protte boeren hawwe de kij yn it lân. Ticht by Raerd stiet in monumintale âlde pleats. Mei giele stiennen en ferskûle tusken beammen is it in pronkstik.

De poarte fan Jongemastate (eigen foto)

De buorren fan Raerd is ek in plaatsje. By de tsjerke lês ik op in boerd wat ynformaasje oer de bekende Slachtedyk. Dy begjint hjir neffens it boerd. Dat betsjut dat it kuierpaad no yn it gebiet fan de Middelsee oankommen is. Raerd is by in protte minsken bekend om Jongemastate en de Raerderbosk. Dêr kom ik lâns. Yn de bosk nim ik royaal de tiid en sjoch om my hinne. It hûs, de state, is der net mear. De fûneminten lykwols binne sichtber makke. De slotgrêft en de slotpoarte fan de state binne der noch wol. De bosk is ek bekend om de stinzeplanten dy’t der groeie. De boaiem is bedutsen mei planten. Krekt wat oare planten as de soarten dy’t men yn ’e regel yn in bosk oantreft. Ik fyn it echt hiel bysûnder. It wurdt allegearre mei soarch troch It Fryske Gea beheard.

Utsjoch op de eardere Middelsee (eigen foto)

Nei dit moaie plak kom ik by de grutte dyk tusken Ljouwert en Snits. In hânwizer jout oan dat it nei Ljouwert ta 13, en nei Snits 12 kilometer is. Dizze wei leit op de âlde eastlike Middelseedyk. Lofts fan my sjoch ik oer de Lege Geaen út. Wat in romte! By in trijesprong moat ik de drokke wei oerstekke om nei Easterwierrum te gean. Fytsers en kuierders hawwe hjir gjin paad en moatte sels mar útsykje wêr’t se de wei oerstekke wolle. In nuvere situaasje. Op nei Easterwierrum giet de wei troch it gebiet fan de eardere Middelsee. Dat is noch goed te sjen. Terpen lizze der net en der binne ek hast gjin pleatsen yn boud. Yn ’e midden leit in feart, de Swette. Ik kom by Dillesyl, de brêge oer de Swette. Ik sjoch in fytspaad by it wetter lâns, dat giet alhiel oan Ljouwert ta.

Yn Easterwierrum bin ik oan de oare kant fan de Middelsee oankommen. Fan de wei ôf is te sjen dat it lân in bytsje ôfrint nei de Swette ta. Dat bringt jin de see-earm dy’t hjir wie ek wer yn it sin. It lânskip lit in dúdlik ferhaal sjen. Yn Easterwierrum stiet in grutte roomske tsjerke. Ik sjoch dat er sneins net mear brûkt wurd. Dêr sit ek in hiel ferhaal efter.

Easterwierrum, Tsjerkebuorren (eigen foto)

It doarp is lyts en hat in oar karakter as Raerd. Ik moat efkes sykje om it paad troch de greiden nei Tsjerkebuorren ta. Efter it sportfjild fyn ik it lytse paadsje. Op nei Tsjerkebuorren. Lei Easterwierrum foarhinne dêr? Dat soe samar kinne. Op in omploege stik greide makket in masine it lân hielendal flak. Wylst ik dêr rin fyn ik hjir en dêr stikjes pún. Tsjerkebuorren is in terp mei boppe-op in allinnichsteande toer. De terp en de toer binne troch de mienskip dêr restaurearre. It is in moai gehiel wurden. Op in ynmitsele stien neist de yngong fan de toer stiet: Libje foar en mei elkoar, 1 juny 1985. Nei Tsjerkebuorren gean ik fierder nei Mantgum, oer de westlike Middelseedyk it noarden yn. Oan de dyk steane grutte boerepleatsen. It lân dat derby heart, leit tink ik alhiel oan de Swette ta.

Mantgum, Marijetsjerke (eigen foto)

Mantgum is in terpdoarp. It leit net oan de Middelseedyk. Yn Mantgum hawwe se wat mei blommen, haw ik lêzen. Dat is te sjen as ik by de tsjerke bin. Dêr begjint dy moaie strjitte mei oan wjerskanten prachtige rintenierswenten mei grutte, goed ûnderholden tunen. Al wer in bysûnder stikje Fryslân. In lyts eintsje bûten it doarp is it spoar. Foar hjoed hâldt dêr myn kuier op. Oer Ljouwert gean ik mei de trein nei hûs werom.

Foto op de thússide: Jirnsumersyl en Mûzel.

De twadde ôflevering sil op freed 26 april te lêzen wêze.
april 12, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.