Fryske polityk: nije rjochtbankpresidint moat mear foar Fryske taal dwaan

maart 20, 2024 08:14

De Fryske polityk wol dat de folgjende presidint fan de rjochtbank Noard-Nederlân mear foar de Fryske taal docht. Dat stiet yn in brief fan it Steatekomitee Frysk oan de Ried foar de Rjochtspraak oer de beneaming fan de baas fan de rjochtbank. De hjoeddeiske presidint giet op 1 maaie fuort.

Rjochtbank Noard-Nederlân, lokaasje Ljouwert. Foto © Aant Mulder

“It brûken fan it Frysk moat better regele wurde”, seit foarsitter Attje Meekma fan it Steatekomitee Frysk tsjin Omrop Fryslân. Frou Meekma (CDA) is fan betinken dat de rjochtbank twatalich wurde moat mei in lykweardige posysje foar it Frysk en it Nederlânsk. Sa is de situaasje no neffens har net.

Fred van der Winkel, dy’t sûnt 2020 rjochtbankpresidint yn Noard-Nederlân is, stapt op 1 maaie oer nei de rjochtbank yn Oerisel. Van der Winkel stie net bekend as in strider foar it Frysk.
Dat moat oars, fynt de Fryske polityk. “It soe geweldich wêze as syn opfolger in Fries of Friezinne is”, seit Meekma. Yn it Steatekomitee Frysk, dat sy foarsit, sitte politisy fan alle politike partijen.

Brief Fryske polityk
It Steatekomitee skriuwt yn it brief dat it derfan útgiet “dat de rjochtbank in presidint oanstelt dy’t yn it ljocht fan de lokale situaasje rjocht docht oan alle ynwenners fan it rjochtsgebiet dêr’t it Frysk ûnskiedber diel fan útmakket.” It komitee nûget de nije presidint graach út foar in petear, sa is te lêzen. De rjochtbank lit yn in reaksje op it brief it folgjende witte: “wy hechtsje in protte wearde oan it rjocht om Frysk yn de rjochtseal te praten en dat sil sa bliuwe. Yn ’e profylskets foar de nije presidint besteegje wy dan ek seker omtinken oan de Fryske taal.” De rjochtbank stribbet dernei om nei de simmerfakânsje in nije presidint presintearje te kinnen. Op it stuit hat elkenien it rjocht om Frysk te praten yn de rjochtseal. Dat is neffens Meekma in papieren werklikheid, want de praktyk is oars: der wurdt faak gjin gebrûk fan makke.

Sjirk Eildert Bruinsma (eigen foto)

Foarsitter Sjirk Bruinsma fan de Ried fan de Fryske Beweging wol ek graach mei de nije rjochtbankpresidint yn petear om it oer ‘ferbetteringen by de rjochtbank’ te hawwen. Hy is fan betinken dat it plak fan it Frysk op de rjochtbank better regele wurde moat. “Ik fyn it ûnbesteanber dat Friezen 73 jier nei Kneppelfreed foar de rjochtbank net yn harren memmetaal prate kinne.”

Boarne: Omrop Fryslân

maart 20, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.