‘Vlogmania’ seizoen 2: de satiryske sjo oer floggend Nederlân is werom
Resint ferskynd
Nei it suksesfolle earste seizoen binne der fan ’t hjerst wer nije ôfleveringen fan Vlogmania. Opnij wurdt de floggende Nederlanner op it harspit nommen. Mei ûnder oaren Ilse Warringa, Ruben van der Meer, Alex Klaasen, Jandino Asporaat, Kees Hulst, Arjan Ederveen, Tina de Bruin, Rop Verheijen, Sarah Bannier en Simon Groen.

Foto: ©Groen Brothers
Vlogmania is in achtdielige searje fan satiryske sketskes foar jong en âld, dêr’t floggend Nederlân in spegel yn foarholden kriget. Neist de flogs sels, krije we ek ynsjoch yn it deistich libben fan de floggers. Sa sjogge we dat Michael en Jessica Kick (Ilse Warringa en Ruben van der Meer) slaande deilis reitsje mei konkurrearjende floggers. Resinsint Martin (Arjan Ederveen) komt ek werom. Hy besprekt ûnder oare in bowlingbal. Pjut Jason (Jandino Asporaat) soarget foar gaos by in besite oan ’e toskedokter. En Juf Harda makket in tiktok oer hoe’t se kontrolearret oft sike bern wol echt siik binne.
Senario en rezjy binne – krekt as yn seizoen 1 – tabetroud oan David en Simon Groen, dy’t ek ferantwurdlik binne foar de Klokko-reklameparodyen yn Het Klokhuis.
Utstjoering: fan 4 septimber ôf sneins om 18.40 oere by de NTR op NPO 3.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje