Tema Bûsboekje 2023: lân fan winsk en dreamen

augustus 5, 2022 10:46

De presintaasje fan it nije Bûsboekje wie op 1 augustus op Asgaard, it keunstnersdoarp op it Kealledykje oan de râne fan Ljouwert. It tema fan it nije Bûsboekje is ‘lân fan winsk en dreamen’; Asgaard is sa’n stikje lân.

In protte minsken binne op ’e syk nei harren dreamlân: emigranten, flechtlingen, reizgers. Op in tegel op it treinstasjon fan Ljouwert stiet it ek: ‘minsken wolle ornaris wêze hwêr’t se net binne’. It tema is de kapstôk dêr’t it Bûsboekje oan ophongen is: it wurdt yn it boekje fan ferskate kanten beljochte, djipgeand en ek luchtich, der is in gedicht by socht, in liet en fansels mear as fyftich sechjes, ien foar alle wiken fan it jier.

Op de foarside fan it Bûsboekje 2023 stiet it Frijheidsbyld sa’t it by New York stiet; foar lânferhuzers fan in iuw lyn wie dat it ikoan dêr’t alles yn byinoar kaam: de driuw nei frijheid, de frijheid fan tinken, it kiezen foar in nije takomst. Binnenyn stiet nóch in foto fan in frijheidsbyld; dat fan Cherson yn Ukraïne. Dêr wurdt no fochten foar de dream fan in frij lân.

It Bûsboekje wurdt al 48 jier makke troch in frijwilligersredaksje. Alle jierren wurde der sa’n 3000 stiks fan ferkocht, yn winkels rûnom yn Fryslân en guon sels bûten Fryslân.

Sjoch ek Plombrief foar ‘Bûsboekjepear’ | It Nijs

augustus 5, 2022 10:46
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe de Vries augustus 6, 13:13

    Ik soe net ien oanriede wolle om eat te keapjen dat mei sa’n wrâldfrjemde útlis oanpriizge wurdt. Amearika it lân fan de frijheid foar de lânferhuzers…. hoe krije je soks út je pinne sûnder de hûnderten jierren duorjende folkeremoard op de yndianen te neamen? En dan Oekraïne derby slepe, ek mei nul kennis fan de (resintere) skiednis. Doch ris gewoan, minsken. Tink ris nei.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.