Plombrief foar ‘Bûsboekjepear’

augustus 1, 2022 17:46

De Ried fan de Fryske Beweging stjoert geregeld Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t har ynsette foar it Frysk. Op 1 augustus gie der sa’n Plombrief nei Piet en Anneke Herrema fan Sumar foar harren jierrenlange krewearjen foar it Bûsboekje.

It meitsjen en de distribúsje fan it Fryske Bûsboekje is alle jierren wer in hiele operaasje. It Bûsboekje soarget dat mear as 2.750 brûkers alle dagen in stikje Frysk lêze kinne. Troch de trouwe ynset fan Piet en Anneke Herrema is dat 35 jier lang mooglik makke.

Anneke siet fan 1987 oant 2003 yn de redaksje fan it Bûsboekje, Piet rêde fan 1987 ôf mei de distribúsje. Tegearre hawwe se tûzenen Bûsboekjes teplak brocht yn boekwinkels en kiosken rûnom yn Fryslân. It bestjoer fan de Ried besleat om dêrfoar in plom te jaan yn de foarm fan in Plombrief.

Dy soe op moandei 1 augustus útrikt wurde by de presintaasje fan it nije Bûsboekje 2023, mar de Herrema’s wiene beide behindere om dêrby te wêzen. Hjir is er te lêzen.

De presintaasje wie yn keunstnersdoarp Asgaard, oan it Kealledykje yn Ljouwert. It tema fan it Bûsboekje, dat dit jier foar de 48ste kear ferskynt, is ‘lân fan dream en winsken’.

augustus 1, 2022 17:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.