Optreden Syds Wiersma op ynternasjonaal poëzijfestival Slovenië
Resint ferskynd
Dichter Syds Wiersma fan Ljouwert sil ein augustus optrede op in ynternasjonaal poëzijfestival yn Slovenië. De oanwêzige dichters drage fan 22 oant 27 augustus op ferskate plakken foar. It festivalhert is yn it histoaryske stedsje Ptuj yn Noardeast-Slovenië. Ptuj hat in wynboutradysje dy’t weromgiet oant de Romeinske tiid. It festival tanket syn namme dêroan: Days of Poetry and Wine.

Syds Wiersma (eigen foto)
It Sloveenske poëzijfestival wurdt foar de 26e kear holden, dizze kear mei tweintich dichters út tsien lannen. Wiersma treedt fjouwer kear op. Yn Selce, Murska Sobota en Ptuj (dêr twa kear: yn ’e tunnel ûnder it kastiel en op it haadpoadium op ’e stedsmerk).
Yn 2018 makke Wiersma (tegearre mei André Looijenga) in Fryske oersetting fan in rige gedichten fan de Sloveenske dichteres Kristina Kočan. Sy hie foar it projekt Other Words in pear wike yn Fryslân west en dêr gedichten oer skreaun. Kočan wie entûsjast oer hoe’t har gedichten yn it Frysk klonken (Wiersma hie se ynsprutsen) en liet se hearre op de Sloveenske radio. Kočan is dit jier haadprogrammeur fan de Days of Poetry and Wine en frege Wiersma as ien fan de bûtenlânske dichters. Earegasten fan it festival binne de dichters Carolyn Forché (VS) en Tomasz Różycki (Poalen).
Fan alle optredende dichters is in lytse kar út harren wurk yn it Sloveensk en it Ingelsk oerset. By de foardrachten rinne de Sloveenske oersettings op in skerm mei. Fan elke dichter is boppedat in trijetalich boekje makke mei de gedichten yn de trije talen. Tanja Mlaker makke de Sloveenske oersettings fan Wiersma syn gedichten.
Mear ynformaasje oer it festival, de dielnimmende dichters en it programma: www.versoteque.com.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje