Histoarikus Herman Pleij jout fergees kolleezje yn Frysk Museum oer de midsiuwen

augustus 21, 2022 08:43

Op sneon 10 septimber jout mjirkes heechlearaar pref. dr. Herman Pleij, ûnder oare bekend fan De Wereld Draait Door, in kolleezje ta gelegenheid fan de nije útstalling fan it Frysk Museum oer de midsiuwen yn it Noarden. It kolleezje fan Pleij is ûnderdiel fan it midsiuwske festival, fol mei wurkateliers, rûnliedingen en lêzingen fan eksperts. Kaarten foar de fergeze dei binne noch te krijen. Op www.friesmuseum.nl/openingvvv is mear ynformaasje te finen.

Herman Pleij (boarne: Frysk Museum)

Yn it kolleezje jout Herman Pleij syn fyzje op de midsiuwen yn it Noarden: “Yn ’e rin fan de iuwen is it byld groeid fan de Friezen as in eigensinnich folk. Trefwurden dêrby binne in grutte hing nei frijheid, agresje tsjin eltse foarm fan hiërargy en in net te stillen sucht nei beskaving. Dêrby hearre biedwurden as ‘Leaver dea as slaaf’ en ‘Moat kinne’, it ierst optekene yn it Frysk. Binne sokke uteringen foaral ferhope selsbylden? Mei de dêrby hearrende projeksje fan sokke neistribbe mentaliteiten op de ierste foarâlden, omheind yn in dream oer midsiuwsk Fryslân? Of binne se werklik op in histoaryske werklikheid basearre? Dat sil ik yn myn kolleezje op it aljemint bringe.”

Midsiuwsk festival
Op sneon 10 septimber wurdt de útstalling Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer. De midsiuwen yn it Noarden hielendal yn styl iepene mei in fergees midsiuwsk festival foar jong en âld. Besikers kinne alles oer de útstalling ûntdekke oan ’e hân fan kolleezjes en rûnliedingen. Se kinne leare om midsiuwske hânskriften te lêzen of midsiuwsk bier te priuwen mei in priuwerij troch Grutte Pier Brouweri, of sels oan ’e slach gean by ien fan de ambachtlike wurkateliers. Dy deis wurde ek de publikaasje oer de útstalling lansearre en jouwe konservator Diana Spiekhout en histoarikus Bert Looper koarte kolleezjes. Krekt as de yntree binne alle aktiviteiten, mei dêrûnder it kolleezje fan Herman Pleij, fergees. Oanmelde is oan te rieden: www.friesmuseum.nl/openingvvv. Fol is fol!

Lês hjir mear oer de útstalling Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer.

augustus 21, 2022 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.