It ferhaal fan frijheid, skeel en fagefjoer

juny 1, 2022 08:31

Fan 10 septimber 2022 oant en mei 9 jannewaris 2023 presintearret it Frysk Museum Frijheid, skeel & fagefjoer: de midsiuwen yn it Noarden. De útstalling toant nije wittenskiplike ynsjoggen oer de mienskip fan it noarden yn de folle en lette midsiuwen.

Boarne: Grinzer Museum

It Fryslân fan doe (Tota Frisia) struts him út fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân oant de Wezer yn East-Fryslân. Yn tsjinstelling ta oare plakken yn Europa, bestjoerden de Friezen harsels, keazen se harren eigen rjochters, hiene se in eigen taal en in eigen skaaimerkjende kleanstyl. Oan ’e hân fan de rike archeologyske kolleksje midsiuwske foarwerpen fan it Frysk Museum, oanfolle mei (ynter)nasjonale brûklienen, komt de eigensinnige ferdwûne wrâld fan Fryslân tusken 1067-1567 ta libben.

Boarne:: Frysk Museum

Libbensgrutte kattepul
Yn gearwurking mei ROC Friese Poort yn Snits makket it Frysk Museum in sekuere rekonstruksje fan in enoarme midsiuwske kattepûl. Yn ’e hoeke fan ’e earste grutte seal tuorket dy boppe de besikers út, net inkeld as blikfanger dy’t it ferhaal op bysûndere wize yllustrearret, mar om besikers de kâns te jaan om noch tichter by it ferline te kommen. Sa’n gearwurkingsprojekt resultearre by de útstalling Wy Wytsingers yn in libbensgrut wytsingskip, nei boutekeningen fan Deenske skipsarcheologen.

Foarmjouwing
Yn ’e útstalling Frijheid, skeel en fagefjoer wurdt de besiker troch seis sealen ynterdissiplinêr meinommen nei de folle en lette midsiuwen. It útstallingskonsept en -ûntwerp is ûntwikkele troch Studio Louter en Opera Amsterdam. Ulco Glimmerveen makket in 3D-ympresje fan it midsiuwske lânskip fan Rinsumageast. Dat wie de thúsbasis fan ien fan de pear midsiuwske Friezen dy’t we fan antlit kenne: de jonge ealman Eppo, dy’t syn antlit op syn grêfstien ôfbyldzje liet.

Boarne: Ostfriesische Landschaft, Aurich

Midsiuwsk bier
Grutte Pier Brouwerij makket by de útstalling in passend bier. It bier wurdt net broud mei hop, mar mei gagel/grút. Gagel wie in bestânsdiel fan ‘it grús’ dêr’t bier yn de midsiuwen mei op smaak brocht ward en dat it tagelyk bitterder en hâldber makke. Njonken dy midsiuwske broutechnyk ferwiist it bier ek nei in ferhaal út de útstalling Skerne Wiebe, wierskynlik ien fan de lêste frije Friezen mei it tradisjonele skearde Fryske kapsel út de midsiuwen.

Dêrmei jout it museum in gefolch oan de suksesfolle gearwurking mei Grutte Pier Brouwerij, dy’t yn 2019 bypassend by de Wytsingútstalling in bier broude. Dat bier waard yn 2020 sels troch de Mitra ta Bier fan it Jier kroand.

Publikaasje
By de útstalling ferskynt in ryk yllustrearre publikaasje, dêr’t oan ’e hân fan de nijste wittenskiplike ynsjoggen de nijsgjirrige wrâld fan it midsiuwske Fryslân yn rekonstruearre wurdt. Mei bydragen fan Rolf H. Bremmer jr., Casper J. van Dijk, Egge Knol, Grytsje Klijnstra, Sonja König, Stefan Krabath, Bert Looper, Anneke B. Mulder-Bakker, Han Nijdam, Jeroen Punt, Antje Sander, Mans Schepers, Theo Spek, Diana Spiekhout en Marvin Wiegand.

Vrijheid, vetes en vagevuur. De middeleeuwen in het Noorden wurdt yn gearwurking mei Noordboek | HL Books útjûn en kostet € 29,90.

Boarne: Frysk Museum

juny 1, 2022 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.