Briefkje oer taal (28)
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief (sjoch Briefkje oer taal (27) | It Nijs)
Bêste Jan,
tank foar de nijsgjirrige foarbylden dy’tsto ferline wike neamdest. De útlis dêrby kriget suver in matematyske krektens. Der komt my yn ’t sin dat yn ’e taalkunde it begyp kongruïnsje brûkt wurdt. Dat is in begryp dat ús út ’e wiskunde bekend is (kongruïnte trijehoeken). Wat taal oanbelanget komt it derop del dat yn syntaktysk ferbân beskate wurdfoarms byinoar passe moatte. ‘De kommisje en harren advys’ past net; der is gjin kongruïnsje, want kommisje is inkeldtal en harren tsjut op meartal. Dat is moai wis en dúdlik.
Mar foar fariaasje yn ús korrespondinsje wol ik no efkes de oare kant út: tsjinsteld oan dy matematyske krektens is de faak net sa krekte ynhâld fan begripen. Minsken binne it faak net iens oer de eksakte betsjutting fan in wurd en dat is foar de kommunikaasje dochs wol essensjeel. Dan moat de ynhâld bepraat en beskreaun wurde. Wat eksakter, wat better, al is it de fraach oft we mei dy syktocht nei betsjutting yn guon gefallen de kearn echt berikke sille. In oanhâldend spul fan hieltyd op ’e nij definiearjen. Dat is wat oersetters neffens my oan ien tried wei dogge: betsjutting sykje.
Ik begûn my bygelyks ôf te freegjen wat no krekt bedoeld wurdt mei it begryp ûnsidich. In wurd sûnder side? Soenen we sizze kinne dat sa’n wurd net in manlike en ek net in froulike kant hat? Mar hoe’n kant dan wol? Dy lêste fraach is ynienen hiel aktueel wurden. It giet my lykwols net om it antwurd op dy fraach, mar om de fraach sels. Of better sein it stellen fan fragen mei it doel: wat wurdt no krekt bedoeld. By suver elts wurd komt dat (it sykjen om de krekte betsjutting) by my op.
Ik kaam samar it tiidwurd sline tsjin en dat is wol in aardich foarbyld. Sline is in wurd dat Hollanners op Fryske les net fuort ynterpretearje kinne. It Hollânsk hat ommers net slinden as wjergader (ferlykje binden as ekwifalint fan bine). Om te begripen wat sline betsjut, helpt it sintsje ‘de kat slynt fan de molke’ tige. Foar dy kursisten is it in nij begryp: it is lekker, de tonge is dermei anneks en it hat wat temûks. Dêr komt it alliterearjen mei slikje noch by: sline (snobje en gnobje) en slikje (mei de tonge). Wa soe it as bern net ris dien hawwe: mei in wiete finger troch de sûkerpot en dy dan ôfslikje.
It aparte is, dat it Hollânsk wol verslinden hat, mei deselde betjutting as it Fryske fersline (roppich opfrette/ferneatigje). Nuver dat slinden net bestiet, want verslinden soe dêr dochs in ôflieding fan wêze moatte. Van Dale ferwiist nei it Dútske verschlingen, dêr’t eat fan slaan en frisseljen yn sit. ’Die Arme um jemanden (ver)schlingen’. En dat bringt my by de ko dy’t de tonge om gersraaien slacht, it leafst ‘ûnder de tried troch’ om wat lekkers út in oar syn lân wei te slinen (ek in bytsje ûndogensk dus). Meartaligens kin helpe by it definiearjen fan ynhâlden en Hollanners soenen sline as Frysk lienwurd, mar dan yn ’e foarm fan slinden, yn harren taal opnimme kinne. Begripe se fuort better wêr’t verslinden in ôflieding fan is.
Mei freonlike groetnisse,
Ed
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje