Undersikers: grûnstoffen dy’t ierde dit jier leverje kin, binne al ferbrûkt

july 28, 2022 10:24

Wrâldbewenners hawwe dit jier oant no ta likefolle grûnstoffen ferbrûkt as de ierde yn tolve moanne fuortbringe kin. Dat melde ûndersyksorganisaasje Global Footprint Network en it Wrâld Natuer Fûns, dy’t hjoed dêrom útropppen hawwe ta ‘Ierdemearferbrûkdei’ (Earth Overshoot Day). Undersikers fan dy organisaasjes berekkenen dat de minskheid dit jier 1,75 ierde ferbrûkt.

Foto: pixabay.com

De rest fan it jier moatte wy yntarre op de ierdske reserves, seit it Global Footprint Network. “De ierde hat in protte foarried, dat wy kinne de planeet wol in skofke, mar net ivich útputte”, seit Mathis Wackernagel fan de ynternasjonale organisaasje foar klimaatûndersyk. It is krekt as mei jild útjaan, stelt er: “Wy kinne in skoftke mear útjaan as wy fertsjinje, mar op in beskaat momint is de ponge leech.”

Sûnt 1971 komt it momint dat we fan de reserves gebrûk meitsje moatte hieltyd gauwer, seit it Global Footprint Network. Doe wie Ierdemearferbrûkdei pas ein desimber. Yn Nederlân foel Ierdemearferbrûkdei dit jier op 12 april. Dat bestjut dat as elkenien op ierde as in Nederlanner libje soe, wy dit jier neffens it it netwurk 3,6 ierden ferbrûke soene. Ferline jier gie it foar Nederlân noch om 2,9 kear de kapasiteit fan de ierde.

Amerikanen hawwe in noch gruttere ekologyske fuotleast, hat it netwurk besifere. As elkenien op ierde as in Amerikaan konsumearre hie, soene de natuerlike helpboarnen fan de ierde al op 13 maart opbrûkt wêze. It Global Footprint Network rekkenet út wannear’t it Ierdemearferbrûkdei is troch te sjen nei de biokapasiteit fan in lân of stêd oan ’e iene kant, en de ekologyske fuotleast fan de befolking oan ’e oare kant. Dy fuotleast jout oan hoefolle lân en wetter oft we nedich hawwe om yn ús ferlet te foarsjen, dus hoefolle oft wy nedich hawwe foar bygelyks iten, hout en fezels foar klean. Dat wurdt ferlike mei de biokapasiteit: de hoemannichte grûnstoffen dy’t de ierde yn ien jier produsearje kin.

Yn 2019 en 2021 wie it op 29 july Ierdemearferbrûkdei. Yn 2020 wie it kantelpunt, fanwege de koroanabeheiningen dy’t doe wrâldwiid fan krêft wiene, wat letter, op 22 augustus.

july 28, 2022 10:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.