Temamoanne DOCS: fiif podcasts oer ‘útsjoch’ yn augustus

july 27, 2022 08:42

Fiif ferhalen fan likernôch 25 minuten mei it tema ‘útsjoch’. Nije makkers fan audioferhalen hawwe de simmerrige fan DOCS (NTR – VPRO) op ferskate manieren ynfolle.

Foto: ©NTR

Utsjoch hawwe op de earste kear seks, hoe spannend is dat? Kin men ek sprekke fan inerlike útsjoggen, en wat as dy folslein ûnbrekke, lykas by saneamde ‘a-fantasten’? Fûgelgnuvers binne wend oan moaie útsjoggen, mar hokker útsjoch biede se eins sels? Samar wat fariaasjes op it tema dy’t yn augustus yn de dokumintêrepodcast DOCS oan ’e oarder komme.

3 augustus: Kitty Munnichs mei Innerlijk Uitzicht
Mei fanstasij kin men elts útsjoch op ’e wrâld besjen. Men docht gewoan de eagen ticht en as men in bytsje jins bêst docht, stiet men op ’e top fan in berch. It fielt as hat men de sinne op it antlit en dat bryske oer de wangen, dochs? Mar wat betsjut it no om (gjin) foarstellingsfermogen te hawwen. Yn de dokumintêre Innerlijk uitzicht ûndersiket Kitty Munnichs de betsjutting fan ús fantasije.

Beharkje hjir in fragmint.

10 augustus: Marian van der Pluijm mei Dwaalgasten
Yn ’e dokumintêre Dwaalgasten rjochtet Marian van der Pluijm har blik sawol op de fûgels as op de fugelsjoggers. Midden yn natuergebiet de Biesbosch leit in wetterflakte dy’t ea in greide wie. Nei’t iuwenlang yn Nederlân besocht is om út it wetterlân lânbougrûn oan te winnen, waard dêr foar it earst just in polder oan de natuer weromjûn. De bysûnderste fûgels strutsen del. Dêrnei folgen al gau fûgelers út it hiele lân.

Beharkje hjir in fragmint.

17 augustus: Karolien Berkvens en Madelon Meester mei De eerste keer
Piele, teloarstelling, ûngemak: foar in protte minsken is de earste kear seks in desepsje. It bart samar, al hinget it yn ’e loft, mei in fakânsjeleafde, in earste freontsje of yn in dronken bui. Mar wat as men dy earste kear foar dy iene bewarret? De wiere? Yn De eerste keer litte Karolien Berkvens en Madelon Meester fiif minsken oan it wurd dy’t om ferskate redenen fan de died wat bysûnders meitsje woene.

Beharkje hjir in fragmint.

25 augustus: Sanne van Otten mei Mijn Nederlandse ik
Hoe is it om by it âlder wurden in nije taal leare te moatten? Mear noch, om jin alle dagen yn dy nije taal útdrukke te moatten? Hat it ynfloed op hoe’t men jinsels ken? Is men noch deselde persoan, of hat de taal jin in bytsje feroare? Yn Mijn Nederlandse ik fertelle trije minsken oer harren ûnderfining mei de Nederlânske taal. Alle trije binne se om oare redenen nei Nederlân of België emigrearre en hawwe se de taal pas letter leard. Juri (Oekraynsk) fielt him no hielendal thús yn it Nederlânsk, wylst Farnoosh (Iraanske) it poëtyske Persysk noch as har thúshaven sjocht. Sumai (Syrysk) hat it Nederlânsk better kennen leard doe’t er dermei begûn te dichtsjen.

Beharkje hjir in fragmint.

30 augustus: Lieselot Mariën mei Naar buiten
Eriks frou is Jehovah’s tsjûge, mar Erik sels net mear en dat leveret in aparte patstelling op, want skiede stiet dat leauwe net ta, wylst kontakt mei ôffalligen ek ferbean is. It gefolch is dat Erik al fyftich jier finzen sit yn in útsjochleas houlik dêr’t net mear yn mei-inoar praat wurdt.

Beharkje hjir in fragmint.

Mear ynformaasje: 2doc.nl/docs en #docsdepodcast.

july 27, 2022 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.