Taastber Skylge
Resint ferskynd

Foto MV
Boppe op de top fan Kaapsduin op West, it heechste Skylger útsjochpunt, leit sûnt 2021 in bysûndere brûnzen makette. Dy is spesjaal makke foar minsken dy’t net of min sjen kinne. Foar haren binne In soad details fan it eilân fielber útbylde en yn braille beskreaun. Alle doarpen, gebouwen en fansels de fariaasje fan de natuer mei de bosken, see en dunen binne fan brûns makke. It is eins in oare foarm fan Google Maps, en dat mei in lingte fan hast trije meter en op in skaal fan 1 op 10.000.
Sa leit it útsjochpunt op it eilân, dat oan ’e iene kant begrinzge wurdt troch it Waad en oan de oare kant troch de Noardsee. De wyn, de rook fan de floara, it lûd fan de fûgels en it rûzjen fan de beammen en strewelleguod makket dat gehiel op en út bjusterbaarlik.
It keunstwurk is makke troch de Skylger keunstneres Eke van Mansvelt yn gearwurking mei Joep van der Kleij, brûnsjitter út Ljouwert, dêrby stipe troch ferskillende organisaasjes.
Koartsein, in prachtich moai punt op de Kaapsduin tagonglik foar elkenien dy’t mei de treppens omheech kin.
Matthijs Verkuijl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje