Sybren Hellinga Keunstpriis 2022
Resint ferskynd
Keunsthûs SYB yn Beetstersweach organisearret foar de njoggende kear de Sybren Hellinga Keunstpriis. Sûnt 1998 wurdt dy ien kear yn de trije jier útrikt oan in jonge talintfolle keunstner. De priis jout jonge keunstners de kâns om oan in profesjonele ekposysje diel te nimmen. Mei de priis wol it keunsthûs opfallend jong talint foar it fuotljocht bringe.
Nederlânske keunstners dy’t nei 1 juny 2017 en foar 15 july 2022 oan in bachelorkeunstoplieding ôfstudearre binne of yn dy perioade as profesjoneel keunster begûn binne, kinne har foar 8 augustus 2022 foar de priis oanmelde. Dielnimmers út ûnderskate byldzjende dissiplinen komme yn ’e beneaming.
Winners fan de eardere edysjes binne Masha de Vries (1998), Ray Moon (2001), Paulien Oltheten (2004), Lotje van Lieshout (2007), Jetske Verhoeven (2010), Riet Wijnen (2013), Milena Naef (2016), Vytautas Kumža (2019).
Klik hjir foar mear ynformaasje en it ynskriuwformulier






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje