Opskuor oer ûneigentlik brûken fan betinkingsplak Reaklif

july 19, 2022 10:59

Ferline wike woansdei is der by it betinkingsmonumint op it Reaklif in spontane grutte gearkomste holden. Op YouTube stiet der in filmke fan. It wie in gearkomste mei in polityk karakter.

It bestjoer fan de Stifting Betinking Slach by Warns, de eigener fan de grûn by it monumint, wie dêr net fan op ’e hichte. It bestjoer distansjearret him dan ek fan de aksje en it sûnder tastimming, ûneigentlik en manmachtich brûken fan syn grûn. It stiftingsbestjoer hat yn dit stik de stipe fan de FNP, de Ried fan de Fryske Beweging en de Jongfryske Mienskip frege.

It bestjoer fan de Jongfryske Mienskip hat al witte litten de aksje ôf te karren. It Reaklif moat in neutraal monumint bliuwe. De jierlikse betinking fan de Slach by Warns hat in lange tradysje. Elkenien kin him dêr thús fiele.

De betinking Slach by Warns sil dit jier op 24 september organisearre wurde, lykas altyd om 13.45 oere.

 

july 19, 2022 10:59
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren july 19, 19:38

    Docht mij wat tinken oer de diskusjes destijds oer de ‘Damslapers’

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.