North Sea Jazz 2022 op TV en radio
Resint ferskynd
No’t it North Sea Jazzfestival ek wer holden wurde mei, bringt de NTR der op NPO 2 trije kear in liveferslach fan út: freed 8 july om 23.10 oere, sneon 9 july om 22.05 oere en snein 10 july om 22.50 oere.
De freedtejûns besjocht Winfried Baijens mei spesjale gasten en artysten optredens fan dy jûn en is it tagelyk in foarútsjen op wat der it wykein noch komme sil. Andrew Makkinga en Samantha Coleridge jouwe ferslach fan it festivalterrein ôf. De sneons en de sneins wurdt troch reportaazjes en ynterviews ferslach dien wat der dy dagen te belibjen wie.
Nei it festival is noch in wike lang op NPO 2 extra neiwille te belibjen en komt Andrew Makkinga mei in trijedielige podcastspecial ‘Makkinga Moves’ oer it festival fan dit jier.

Foto Wouter Vellekoop
De radiostjoerders NPO Radio 2 en NPO Soul & Jazz steane ek wiidweidich by it festival stil.
Yn syn podcast Get In giet Benjamin Herman yn trije ôfleveringen it festivalprogramma bylâns en lit er syn favorite artysten hearre. Dat is hjir te beharkjen.
De freeds (16.00 oant 22.00 oere), sneons en sneins (07.00 oant 22.00 oere) is op NPO Radio 2 it Soul Night ABC te hearren. Dêr komt de bêste soul, jazz en funkmuzyk yn alfabetyske folchoarder yn oan bod. Alle letters fan it alfabet wurde behannele en de harkers kinne mei de NPO Radio 2-app harren favoriten trochjaan.
Op de festivaldagen komt NPO Radio 2 tusken 22.00 en 00.00 oere live fan North Sea Jazz mei optredens en eksklusive akoestyske live-sessys fan North Sea Jazzartysten.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje