Goed 3000 wenten mei Fryske plus duorsumer makke

july 24, 2022 08:37

De Fryske subsydzje ekstra temjittekomming foar wenningeigners provinsje Fryslân, oftewol de Fryske plus, blykt in grut sukses ûnder Fryske wente-eigners. Der is mei-inoar 3,2 miljoen euro – budzjet út it Fryske Oanfalsplan Enerzjybesparring wei – oan Fryske oanfregers takend. Dêrmei binne, sûnt it begjin yn 2020, goed 3000 huzen duorsumer makke.

Foto: Provinsje Fryslân

De Fryske plus is in ekstra 10% subsydzje op de Fryske oanfragen foar de Ryksregeling Investeringssubsidie duurzame energie en energiebesparing (ISDE), of de Subsidie energiebesparing eigen huis (SEEH). Troch it hege tal oanfragen is it subsydzjeplafond al foar de ein fan de rintiid fan de regeling berikt.

Boppeslach
Enerzjydeputearre Sietske Poepjes is wiis mei it sukses fan de subsydzjeregeling, mar fynt it spitich dat in part fan de Fryske oanfregers dêr gjin gebrûk fan meitsje kinnen hat. “Der binne mear as 3000 Fryske huzen mei it subsydzje duorsumer makke, in boppeslach. Mar as minsken troch it sukses jild misrinne, is dat tige spitich. Wy komme ynkoarten mei it Frysk Oanfalsplan Isolaasje en hoopje dêrmei de Fryske ferduorsuming wer in nije stimulâns te jaan,” sa seit de deputearre.

Ferheging
De Fryske plusregeling sette yn 2020 útein en hie as doel om Fryske wente-eigeners in ekstra stimulâns te jaan om mei isolaasje oan ‘e slach te gean. Fanwegen it grutte sukses ferhege it kolleezje fan DS yn maart 2022 it subsydzjebedrach al in kear mei 250.000 euro.

Goed om te witten: De Ryksregeling Investeringssubsidie duurzame energie en energiebesparing (ISDE), of de Subsidie energiebesparing eigen huis (SEEH) rint wol troch. Ut it Ryk en de provinsje Fryslân wei steane ek wer in tal nije kampanjes foar ferduorsumjen op priemmen.

july 24, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.