Fytspontsjes oer Tsjonger en Lende nei oanpassingen wer yn gebrûk
Resint ferskynd
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Emosjonele spiler lit Dútske plysje útride 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust 0
- Yndiaaske amtner lit 2 miljoen liter wetter fuortpompe om mobyl werom te finen 1
Yn maart en april wiene der twa ynsidinten by it pontsje oer de Tsjonger tusken Aldlemmer en Rotstergaast en it pontsje oer de Lende tusken Aldetrine en Aldemerk. De gemeenten Weststellingwerf, De Fryske Marren en Stienwikerlân hawwe de fytspontsjes dêrom oan it ketting lein.

De Tsjonger by De Langelille. Foto © Aant Mulder
Ut foarsoarch is in feilichheidsanalyze útfierd. Dêr docht út bliken dat de fytspontsjes feilich binne. De gemeenten sille dochs in stikmannich oanpassingen dwaan, sadat de fytspontsjes noch feiliger wurde. Begjin augustus kinne de fytspontsjes wer brûkt wurde.
Oanbefellingen feilichheidsanalyze
In ûnôfhinklike feilichheidsekspert hat de analyze útfierd. Dy hat sjoen nei wet- en regeljouwing, de technyske steat fan de pontsjes en aspekten fan keuring en ûnderhâld. Ut de analyze docht bliken dat beide pontsjes gjin sichtbere brekmen hawwe. De fytspontsjes hawwe gjin grutte ôfwikingen neffens oare fytspontsjes yn Nederlân. Yn it rapport wurde wol in stikmannich oanbefellingen dien om de feiligens noch better te meitsjen.
Gemeente Westststellingwerf sil dy oanpassingen mei de gemeente De Fryske Marren en de gemeente Stienwikerlân útfiere. Sa sille de gemeenten kettingen oan de foar- en efterkant fan de pontsjes oanbringe, sadat in (duo)fyts of trijetsjiller net it wetter ynrôlje kin. De ynformaasjebuorden oan de wâl wurde oanpast. Dêrneist wurdt in foarsjenning makke om út it wetter klimme te kinnen, mocht ien yn it wetter falle. Ta beslút sille de gemeenten in lochboek byhâlde foar it ûnderhâld en de keuringen.
Fytspontsjes wer yn gebrûk
De gemeenten ferwachtsje dat de fytspontsjes begjin augustus wer brûkt wurde kinne, as de oanpassingen dan klear binne. Oant dy tiid is der foar beide lokaasjes in omliedingsrûte. Men kin rjochting de gemeente De Fryske Marren it bêste de rûte fia de Lemsterwei nei Ychtenbrêge folgje. Men kin oan de oare kant fan de Lende, tusken Aldetrine en Aldemerk, fia de brêge by de Trijedyksslús komme.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje