Bylden fan Barbara Hepworth yn tunen Ryksmuseum
Resint ferskynd
It monumintale wurk fan Barbara Hepworth (1903-1975) wurdt no net allinnich toand yn Living the Landscape yn Museum Belvédère, mar is oant en mei 23 oktober 2022 ek te sjen yn de tunen fan it Ryksmuseum yn Amsterdam.
Mar leafst njoggen skulptueren sierje de frij tagonklike tunen, dy’t as in griene oaze yn it hert fan de drokke stêd jilde. It is de earste útstalling yn Amsterdam fan de foaroansteande Britske byldhouwer. It grutste part fan de bylden is ôfkomstich út Ingelske iepenbiere tunen en parken. Dy ferlitte selden harren fêste steanplak.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Barbara Hepworth ‘Squares with two circles’, kolleksje Kröller-Müller Museum Otterlo (foto: Ryksmuseum)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje