Bûtendykse terp by Blije offisjeel iepen foar publyk
Resint ferskynd
Ofrûne sneontemoarn iepene Lutz Jacobi, direkteur fan de Waadferiening, mei Shantykoar De Slykstappers offisjeel de Terp fan de Takomst by Blije foar it publyk. Oanslutend droech Feriening Doarpsbelang Blije ûnder oanwêzichheid fan minsken dy’t útnûge wiene, de terp oan direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea oer. As eigner fan it natuergebiet Noard-Fryslân Bûtendyks is de natuerorganisaasje nei 16 july 2022, mei in ôffurdiging út de mienskip, ek behearder fan de Terp fan de Takomst.

Lutz Jacobi, Waadferiening (foto: ©Robert Veenstra)
Fariearre iepeningsprogramma
Mei yoga op ’e terp, in moarnsbrochje foar bewenners, kwelderfeesten, taspraken en petearen oer de takomst fan Blije waard de Terp fan de Takomst feestlike iepene. Hoe geane wy mei klimaatferoaring om, hoe kinne wy mei de natuer libje? Podcastmakker Tracy Metz gie dêr yn petear oer mei û.o. Eveline de Smalen, kurator Wrâlderfgoedsintrum Waadsee, en Eefke van de Wouw, ambassadeur miljeu- en minskerjochten.

Henk de Vries (l.), It Fryske Gea en Ruud Reutelingsperger, Observatorium Rotterdam (foto: ©Robert Veenstra)
In besite bringe
“Wy sille goed op de terp passe, foar safier’t dat yn ús macht leit fansels, want noch altyd is de see bûtendyks de baas. Fan no ôf kinne floara, fauna en besikers genietsje fan dit bysûndere plak”, sei De Vries. It hiele jier troch is de terp fan de dyk ôf te sjen. Bûten it briedseizoen, tusken 16 july en 14 maart, is er fan tichtby ek te wjerfarren. In net-ferhurde paad fan 1,2 kilometer laat jin fan de seedyk ôf troch de kwelders nei de nije terp ta. Sûnt 16 july ôf biedt It Fryske Gea kuier- en fytsekskurzjes mei in gids oan.
Mear ynformaasje is te finen op www.itfryskegea.nl/terp-fan-de-takomst.

Terp fan de Takomst (dronebyld: Michael Ruley)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje