Arjen Dijkstra nije direkteur fan Tresoar

july 16, 2022 08:47

“It laket my ta!”

Tresoar is bliid om mei te dielen dat it Algemien Bestjoer Arjen Dijkstra (1979) as nije direkteur beneamd hat! Dijkstra begjint op 1 oktober 2022 by Tresoar. Hy folget Bert Looper op, dy’t ferline jier july syn direkteurstaken dellei. It ôfrûne jier is er ferfongen troch Rien Vrijenhoek (a.i.).

Arjen Dijkstra (foto: Gerhard Taatgen)

Arjen Dijkstra is no noch direkteur fan it Universiteitsmuseum fan de Rijksuniversiteit Groningen (RUG). Yn dy funksje begelate er de werynrjochting fan it museum. Hy sette him boppedat yn om it publyk by de wittenskip te belûken en hy advisearre it kolleezje fan bestjoer fan de Grinzer universiteit op dat mêd.

Gina Kamsma, foarsitter fan it Algemien Bestjoer fan Tresoar, is entûsjast oer de beneaming fan Dijkstra: ‘Arjen bringt in soad ûnderfining mei en we ferwachtsje in soad fan him. Mei frisse eagen en each foar de kânsen dy’t der lizze foar it duorsum tagonklik meitsjen fan de Kolleksje Fryslân, de fierdere ûntwikkeling fan de ynterne organisaasje en Obe by Tresoar, poadium foar Fryske kultuer. Arjen kin fierder bouwe op de suksessen fan syn foargonger Bert Looper. We sjogge út nei de takomst mei Arjen as ynspirator en ferbiner oan it roer.’

Dijkstra studearre skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen. Hy spesjalisearre him yn kultuerskiednis en de skiednis fan de wittenskip. Yn 2012 promovearre er oan de Universiteit van Twente. Fan 2011 ôf wie Dijkstra dosint oan de RUG en koördinearre er de Scholierenacademie fan dy universiteit. Dêrneist die er histoarysk ûndersyk by de ôfdieling Frysk, ûnder oare nei de skiednis fan it Frjentsjerter Planetarium. Dat resultearre yn 2021 yn in biografy, dy’t in soad besprutsen waard, fan de Fryske astronoom Eise Eisinga (1744-1828). Sûnt 2018 jout er lieding oan it Universiteitsmuseum.

Dijkstra oer syn beneaming: ‘It laket my ta om oan ’e slach te gean by Tresoar. Ik sjoch der nei út om gear te wurkjen mei it sterke en motivearre team. Al fan de oprjochting ôf, no eksakt 20 jier lyn, kom ik by Tresoar en ik ha bewûndering foar alles wat yn dy jierren berikt is. As lid fan de Fryske mienskip wol ik graach it ferhaal fan Fryslân fierder útbouwe en Tresoar fersterkje as sintrum foar kultueroerdracht, stúdzje en moeting. It is de kulturele skatkeamer fan it Noarden!’

july 16, 2022 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.