Amtners skrasse opmerking oer ûnwettige lanningsbaan Skiphol út miljeurapport

july 31, 2022 15:18

Fleanfjild Skiphol yn ‘e Noard-Hollânske Haarlimmermar is nei Tata Steel (de heechovens) de grutste útstjitter fan stikstof yn Nederlân. Likegoed hat it bedriuw gjin natoerfergunning en dizze wike hat bliken dien dat de oanlis fan de sechsde lanningsbaan, de Polderbaan, op Skiphol net mocht hie. It Nederlânske ministearje fan ferkear hat boppedat op oanstean fan Skiphol de opmerking dat dy baan yllegaal wêze soe út it ferslach fan in miljeuûndersyk skrast.

Dat docht bliken út dokuminten dy’t miljeu-organiaasje MOB opfrege hat by it ministearje. Op grûn fan ‘e wetlike fêstleine iepenbierheid fan bestjoer moast it ministearje oan dat fersyk foldwaan. In kommisje dy’t yn opdracht fan it ministearje de miljeubelesting troch Skiphol ûndersocht hat, konkludearret dat de lofthaven yn it ferline mei sifers sjeistere hat. Dêrtroch liket it as is de stikstofútstjit gâns omleech gien, wylst dat net it gefal is.

Yn it ferslach stiet ek dat Skiphol net mear safolle fleanmasinen opstige en delkomme litte mei as foar de koroanagoarre, mei’t der dan fierste folle stikstof frijkomt. Om oan de hjoeddeiske easken te foldwaan, soe de maksimumsnelheid op sneldiken yn Noard-Hollân fierder omleech moatte. In oar alternatyf is dat hûnderten boeren harren bedriuw slute.

Yn it miljeuferslach waard praat oer betingsten om de Polderbaan “te legaliseren”. Dy wurden binne op oanstean fan Skiphol skrast, om’t de lofthaven net woe dat swart op wyt stean soe dat de baan der sûnder wetlike basis kommen wie.

Neffens protestgroep Schipholwatch hat de oerheid jierrenlang oersljochte dat de Nederlânske lofthavens sûnder natoerfergunning dwaande wiene en tefolle stikstof produsearren. Lytse ûndernimmers lykas boeren waarden wol twongen om harren oan de strange regels te hâlden.

july 31, 2022 15:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - augustus 1, 11:05

    sjoemelen – skelmje

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.