28e Ynterfrysk Kongres fan 15 o/m 17 septimber yn Ljouwert en Dokkum

july 16, 2022 09:51

Fan 15 oant en mei 17 septimber 2022 wurdt yn Ljouwert en Dokkum it 28e Ynterfrysk Kongres holden. It tema is: ‘De ferbinende ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne’.

Ynterfryske flagge

It Ynterfrysk Kongres wurdt organisearre troch de Fryske Rie en is dit jier yn gearwurking mei de ynternasjonale Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen, organisearre troch û.o. de Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversteit Grins. Dielnimmers fan it Friezekongres kinne har oanslute by de publyksmiddeis fan 15 en 16 septimber. Op 17 septimber organisearret de Fryske Rie it sympoasium mei de titel ‘De ferbinende ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne’.

Sprekkers
De haadsprekkers op it sympoasium fan 17 septimber binne binne û.o. Nelleke Ijssennagger van der Pluijm en Han Nijdam (Fryske Akademy), Pieter van der Valk (Universiteit Wageningen) en Ynze Salverda, Martin Cnossen en Otto Knottnerus.

Nei it sympoasium is der in ekstra programma mei in rûnlieding troch de Bonifatiuskapel en  in oekumenyske meartalige tsjerketsjinst. De jûn sil mei muzyk ôfsletten wurde. De útnûging en it folsleine programma (FRY, NL, DE) binne hjir te finen.

Lokaasje en oanmelde
It sympoasium op sneon 17 septimber hat plak yn Dokkum, yn De IIsherberch oan de Hurddraversdyk 1.

Kosten dielnimmers deiprogramma 25 euro, ynklusyf jûnsiten en jûnsprogram 52,50 euro, koarting studinten 7,50 euro. It oanmeldformulier is te finen yn de struibrief.

july 16, 2022 09:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.