Aant Mulder: De brief fan de minister

desimber 24, 2019 07:00

Kollum

De brief is der. Ik bedoel de Keamerbrief nei oanlieding fan it Algemien Oerlis fan de Fêste Twadde Keamerkommisje fan Ynlânske saken op 26 juny, de brief fan minister Knops, dy’t minister Ollongren ferfangt. De Ried fan de Fryske Beweging, BoargerAksjegroep SisTsiis en oaren ha fan ’t simmer besocht om it Frysk op de wurklist te krijen. Dat slagge hiel aardich. Der wie in busfol folk út Fryslân wei by dat oerlis oanwêzich. Om’t de minister nei oanlieding fan guon fragen allinne mar goede antwurden jaan koe nei goed oerlis mei oare kollega’s waard ôfpraat dat de antwurden oan de ein fan dit jier yn in brief bekendmakke wurde soene. Dat is dus slagge. De brief is der. Helte wichtiger is it fansels om te besjen oft yn dy brief de antwurden steane dêr’t om frege waard. Dy brief fan sân kantsjes komme fjouwer ûnderwerpen yn oan de oarder: sichtberens, ûnderwiis en wittenskip, rjochtspraak en media, berne-opfang en soarch. Ik bin fansels nei alle fjouwer ûnderwerpen benijd.

Oer Frysk yn de iepenbiere romte wurde gjin nije dingen sein. Hoe’t de gemeenten it Frysk al en net brûke, wurdt ynventarisearjend beskreaun. Yn de bylage is in kreas oersjoch opnommen. Dêr stiet dat de helte fan de Fryske gemeenten regelmjittich of hiel faak it Frysk as fiertaal yn de ried brûkt. Ik neam dat ynventarisearjend, mar dat it Frysk sa brûkt wurdt slagget allinne mar as der fan alle kanten op ynset wurdt. Unifoarms en logo’s fan de plysje kin neat oan feroare wurde, skriuwt de minister dêr efteroan. Dat falt net mis te begripen. Hoe’t de Veiligheidsregio Fryslân it Frysk brûkt, wurdt eins oerlitten oan dy Veiligheidsregio sels. Wat oer Underwiis en Wittenskip opnommen is, giet foar in grut part oer de lêste temarapportaazje fan de ynspeksje.

Oanbieding skaad-BFTK fan Ried oan Fêste Keamerkommisje op 19-12-2018 (eigen foto)

De Fryske Akademy komt ek oan ’e oarder. Wa’t dy gong fan saken wat folge hat, lêst gjin nije dingen. Petearen mei de Rjochtspraak binne geande. Dêr wurdt benammen ferwiisd nei de provinsje Fryslân. By de oanbefellingen oangeande Mercator Kennissintrum wurde de tolken neamd. Dat is opnij in ûnderwerp foar de Provinsje. Omrop Fryslân kriget it jild dêr’t it rjocht op hat. Oer de berne-opfang wurde in pear dúdlike, mar likegoed ynventarisearjende, dingen sein. It Frysk mei as fiertaal brûkt wurde, mar de oerheid bemuoit him dêr net mei. Mear as de helte fan de berne-opfangsituaasjes is Frysk- of twatalich. LIkegoed fyn ik myn eigen opmerking te koart troch de bocht. It binne net allinne ynventarisearjende dingen. Safolle Fryske en twatalige berne-opfang, dat slagget allinne mar as der fan alle kanten op ynset wurdt. Fan it Frysk yn ’e soarch wurdt sein dat de provinsje mei in projekt dwaande is ‘Frysk yn ’e soarch’. De provinsje Fryslân wurdt ek fan ferwachte dat as bedriuwen en ynstânsjes neat mei it Frysk dogge dy dêr op oansprutsen wurde.

In ôfwikend logo of unifoarm soe sels ta eskalaasje yn it kontakt tusken boargers en plysje-amtners liede kinne!

Hast yn alle haadstikjes wurdt ferwiisd nei de jildende BFTK (Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023). Dêr komme de dingen yn oan ’e oarder en dêr wurdt oan wurke. De keamerleden wolle graach op de hichte bliuwe fan de gong fan saken. It ferwûnderet my dêrom net dat de minister útstelt om yn 2021 as de tuskenevaluaasje fan dy BFTK oan ’e oarder is, wer mei mear nijs te kommen. Foar dy tiid wurde de leden fan de Twadde Keamer nûge foar in wurkbesite oan de provinsje Fryslân. Dat is aardich en dat moat ús net ûntkomme.

De krante hie it nijs oer dizze Keamerbrief ek al en faaks ha jimme der op mear en oare plakken oer lêzen. It grutste nijs is fansels dat Frysktalige logo’s en unifoarms hyn ofte nei net trochgean kinne. Dat is in ôfdijer! Dat soe neffens de minister misbrûk opsmite kinne of betizing jaan. Dêrom brûkt de plysje ien unifoarm en ien logo om sa dúdlik en unifoarm werkenber te wêzen. In ôfwikend logo of unifoarm soe sels ta eskalaasje yn it kontakt tusken boargers en plysje-amtners liede kinne! Jo moatte der mar op komme! De meast praktyske reden is dat plysjes net allinne yn Fryslân, mar ek yn oare provinsjes werkenber har wurk dwaan kinne moatte. Hoe lestich kin it wêze, ien jaske foar thús en ien foar om utens. Wat foar Fryslân jilde kinne soe, soe ek foar oare gebieten mei streektalen jilde kinne moatte. Wat soe it moai wêze as de plysje omtinken ha soe foar dat grutte ferskaat oan streektalen en talen, om sa dúdlik te meitsjen gewoan tusken de minsken te stean.

Oanbieding Frysk plysje-unifoarm oan Fêste Keamerkommisje op 26-6-2019 (eigen foto)

Wy ha in healjier wachte op net folle nijs. It grutste part fan de brief is beskriuwend en dan wurde dingen beskreaun dy’t we al wisten of dy’t ferwize nei oare dokuminten. De brief ferwiist benammen nei de BFTK en nei de Provinsje. Der stiet eins, moai dat jimme fan alles wolle, mar we ha de BFTK. Dy fiere we út en dêr prate we oer. Dat dogge we healwei dat trajekt, yn 2021 dus!

Der steane twa nijsgjirrige en tagelyk positive ûnderwerpen yn. It giet goed mei de Frysktalige en twatalige berne-opfang, it giet goed mei it Frysk yn de gemeenten. Foarige wike ha ’k my ek al optimistysk útsprutsen oer basis- en fuortset ûnderwiis. Ryk en Provinsje meitsje fan en ta wol wat mooglik, mar it binne benammen de bern, de âlden, de liedsters, de learkrêften, de riedsleden dy’t dogge wat we mei-inoar eins gewoan fine moatte soene, it Frysk brûke. Soe dy iene helte no dy oare helte net wat stypje kinne? Dan hoege dy it tsjil net nochris út te finen. Wat soe dat moai wêze!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 21 desimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
desimber 24, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben mulder. desimber 25, 10:53

    Goed stikje Aant. Mar wat my fernuveret, is dat yn Fryslân nimmen wat oer de NDC-media seit. Sûnt dy hjir foar master opslagge wat de kranten oanbelanget, stiet der hast gjin Frysk mear yn de krante. Sjoch de Krysttaheakke der mar op nei. Ek de hûs-oan-hûsblêden, itselde ferhaal. Yn augustus ha ik besocht in Frysk ferhaal yn de Woudklank te krijen. Ik krige doe in andert werom dat as ik it yn it Hollânsk oersette soe, se it wol pleatse soene, want hja geane derfan út dat eltsenien de krante lêze moatte kin. Doe ha ik weromskreaun dat soks frjemd oerkomt fan in krante dy’t yn Fryslân útjûn wurd. Der is Frysk ûnderwiis. De Afûk jout kursussen foar lju dy’t bûten Fryslân weikomme. Mar dêr wurkje de kranten net oan mei. Sy tinke, as se Frysk lêze wolle, moatte se mar nei de Byb gean. Ik krige doe in andert fan de redaksje werom dat se deroer prate soene. No ha ik berjocht krigen dat it oankommende wike pleatst wurde sil.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.