Nederlân hat slim te lijen ûnder fjoerwurkoerlêst

desimber 31, 2015 00:01

By it meldpunt fjoerwurkoerlêst binne yn acht dagen tiid al mear as sechstichtûzen meldings ynkomd. It meldpunt is in webstee dêr’t minsken yn Nederlân oerlêst fan fjurwurk op trochjaan kinne. It ôfstekken fan fjoerwurk troch partikulieren is yllegaal, útsein yn de âldjiersnacht tusken 18.00 oeren 2.00 oere. Ferskate gemeenten hawwe sônes oanwiisd dêr’t dan ek gjin fjoerwurk yn ôfstutsen wurde mei, bygelyks by sikehûzen, bistetunen en yn wiken dêr’t in protte oerlêst is.

Yn Ljouwert hat de plysje in boete útdield oan immen dy’t fjoerwurk ôfstiek. Foar jongelju ûnder de sechstjin jier is de boete 50,00 euro, foar oaren 100,00 euro. Jongelju kinne boppedat in gedrachskursus by Buro Halt oplein krije. Bestraffing bart net op grutte skaal: de plysje yn Ljouwert hat te witten dien dat der ien boete útskreaun is. Plysjefakbûn ACP die koartlyn te witten dat it de measte plysjekorpsen net slagget en hanthavenje it ôfstekferbod. Guon gemeenten reagearren dêrop mei it boadskip dat de hanthavening by harren gjin probleem wie.

Alle jierren rinne sa’n hûndert minsken bliuwende skansearrings op troch fjoerwurk. By de helte fan harren is dat it gefolch fan legaal fjoerwurk, de oare helte kriget it troch yllegaal knalguod. Hûnderten minsken reitsje om ‘e jierwiksel hinne ferwûne. It ôfstekken bart yn in soad plakken al dagen foardat it offisjeel mei en soarget foar eangst by húsbisten en foar it wekker skrikken fan minsken. Om de eagen te beskermjen ferkeapje supermerken en brillesaken foar in lyts bedrach fjoerwurkbrillen.

It meldpunt is in inisjatyf fan Grien Links. De partij stribbet nei in folslein ferbod op it ôfstekken fan fjoerwurk troch partikulieren. Dêrby wurdt er stipe troch in grut tal organisaasjes dy’t mei fjoerwurkslachtoffers te krijen hawwe, lykas bernedokters en eachhielkundige kliniken. Minister fan kultuer Jet Bussemaker hat te witten dien dat se gjin foarstanner is fan sa’n ferbod.

Klik hjir om it webstee fan it meldpunt fjoerwurkoerlêst te besjen.

 

desimber 31, 2015 00:01
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 jannewaris 1, 10:34

    Lekker sa’n foto. Dan witte wy yn elk gefal hoe’t It Nijs der oer tinkt. Sensaasjegeil folk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.