FNP earet taalstrider Bertus Jans Postma

Maaie 4, 2024 09:33

De Fryske Nasjonale Partij earet Bertus Jans Postma mei in bankje mei ynskripsje. Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat it bankje op freed 3 maaie ûntbleate. It bankje stiet by de oerhaal oer it Van Harinxmakanaal op Keimpetille (Op Hatsum).

Foto: PDF-grafie

Bertus Jans Postma fan Bitgummole ferstoar yn jannewaris 2023 yn ’e âldens fan op 93 jier. Postma silliger wie in fûleindich en oanhâldend strider foar de lykberjochtiging fan de Fryske taal. Syn grutste fertsjinst yn dat krewearjen hat wol it op syn oanstean ynfieren fan de Fryske wetternammen yn 2007 west.

Dêrom dat de FNP syn neitins earje wol mei in bankje oan it wetter. It bankje mei in tafel fan rustfrij stiel is in jefte fan de FNP oan de Stichting Keimpetille, dy’t op dit plak in oerhaal farre lit. Op it bankje, makke troch Sipke Broersma, stiet de tekst:

Yn neitins oan Bertus Jans Postma, bysûnder bern fan Fryslân, strider foar it Frysk.

Hy hat berikt dat de provinsjale wetters harren Fryske nammen werom krigen.

Foto: PDF-grafie

Johannes Kramer, foarsitter fan de Bertus Jans Postmakommisje fan de FNP, iepene mei de wurden dat Postma as taalstrider unyk yn Fryslân en dêrbûten wie. As âlde Beweger út de jierren fyftich en sechstich hat hy úteinlik op syn eigen singeliere wize en mei syn ynset in soad wurk ferset en de FNP is him dêr tige tankber foar.

Arno Brok referearre oan de saakkundichheid en elegânsje dêr’t Postma syn stânpunt stevich mei delsette koe. Hy wie ûnder oaren bekend fan tal fan stikken en brieven dy’t er ferstjoerde oan gemeenterieden en de Steaten. Brok einige syn betooch mei de suggestje oan de stichting fan de oerset om, yn de geast fan Postma, de buordsjes mei ‘pontje’ te ferfangen troch ‘oerset’.

Foto: PDF-grafie

Gerard de Jong, koördinator meartaligens fan de gemeente Waadhoeke, lies in kollum oer Postma foar. Hy fertelde dat Postma in wichtich doel foar eagen hie: in lykweardige behanneling, it rjocht dwaan oan en de promoasje fan it Frysk en de streektalen. De Jong sei gjin oare Fries kend te hawwen, dy’t him op dizze wize ynset hat foar de rykdom fan ús taalferskaat.

Postma wie in Fries yn ieren en sinnen en net allinne in belutsen lid fan de FNP. Hy wie ek lid of belutsen by ferskate Fryske en Frysksinnige organisaasjes.

Maaie 4, 2024 09:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.